contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (74)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Weidum
 
Pake mei de takomst op skoat tinkend oan wat west hat en wat noch komme sil. En as der ien plak is om dêr oer nei te tinken dan is dat wol de Aldehou. Hear him tinken op de foto, soe ik it noch meimeitsje om de takomst op skoat te sjen op de Frouljus PC? Tinke oan wat noch foar him leit en tinke oan wat krekt achter him leit. It heart by de gong troch it libben fan de mins en je witte dat by it fergliden fan de jierren der elk jier wer nije blommen bloeie, dat der elk jier wer oare minsken har wjukken spreide om de grutte wrâld temjitte te fleanen.
 
Net elk hat yn de betide hjerst it foarrjocht it te belibjen dat de eigen pakesizzer keningin fan de Frouljus PC wurdt. Der leit in wrâld fan leafde achter de fraach ‘Marrit, pake wol sa graach datst even by him komst’. De bewolkte dei fan snein en fan alle kanten komme se op Marrit ôf om har fan alles te freegjen. Mei as moaiste fansels de opmerking ‘It libben is net foarby ast net winst’. It past by Marrit Zeinstra. De fleur fan it ljocht dy’t it opkommende tsjuster achter de tsjerketoer noch even op ôfstân hâldt. De rein stiet mei de pet yn de hân te wachtsjen op it momint dat it los kin mei de buien. Mar no noch net fansels, it ljocht fan de nije keninginne skynt noch krekt te fel.
 
Sjoch om my hinne nei ôfrin fan de PC yn Weidum en wit: grutter as dit wurdt de leafde foar in sport net. Sjoch nei de yltige hollen dy’t krekt even te faak mei de eagen knipperje. Sjoch de reade eagen fan coach Peter Tolsma en dat rekket my omdat ik it net tocht hie. Sa folle al meimakke as coach en dan toch….Miskien seit dat wol alles fan him as mins, miskien hâldt hy wol op mins te wêzen as hy dat alles thús litte moat.
 
En dan mei de teannen krûm wachtsje op de keninginne fan de dei. Mei de eagen as in bidler op de tsjerketoer hoopje op in wiisheid dy’t grutter is as de sifers fan de boekhâlder. Foar it earst yn jierren klapt doe’t Marrit de keningin waard. Klapt foar de moed om ien sûnder opslach keningin te meitsjen want dat is wol once in a lifetime  by de froulju. Fyftich jier lyn wie Durk Talsma de lêste op de PC by de mannen, ek fan Weidum trouwens.
 
Dat Marrit keningin waard wie noch net bekend doe’t pake Hessel Dijkstra tocht fan ‘as Mohammed net by de berch komt, dan komt de berch wol by Mohammed’. Marrit lei krekt út dat sy net yn panyk rekken, doe’t de berch even yn byld kaam. En dan hâldt alles even op mei de wurden ‘Even foar pake’. Tachtich jier en it momint fan winnen rekke him ek al wie it op de perklijnen fan syn gesicht net te sjen. Noch fan de generaasje dat je mei je emoasjes net op de freedsmerk yn Ljouwert hoege te stean.
 
Pake lei even mei in hânbeweging de slachbeweging fan Marrit út op enkelhichte. Miskien kaam dat wol it tichst by in leafdesferklearring foar syn pakesizzer. ‘Je moatte him earst wol winne he’n om it oer keninginne te ha’. Sa’n simpele wiisheid. Die tinken oan it ferline, oan keatsers dy’t al tochten dat se kening wienen sûnder troch te ha dat je him earst winne moatte.
 
Yn de auto op wei nei hûs hie it ljocht fan de keninginne belies jûn tsjin it tsjuster fan de natuer. It waard al donker en de buien harren geduld wie ek op. It reinde by nacht en dan komme je fan in keatspartij. De dei foarby, sa sil de pake op de foto ek tinke. Miskien is him ek yn de takomst it momint fan Hessel Dijkstra gund. Mominten om nei út te sjen, om troch it tsjuster en de rein fan de winter te kommen. Om de Eristoff vodka út de friezer te heljen en it gleske yn tank omheech te hâlden nei it tsjuster en de rein. En yn tank mompelje ‘oant sjen yn Weidum’, as de beammen wer bloeie as wienen se nea fuort west.
 

Balkearder 74[49575]

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Suppliers