contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (72)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Teater

Je ha it teater wol nedich om it echte libben wat troch te kommen. Der wie in tiid dat minsken fleurich nei hûs gienen en der wer seis wurkdagen tsjin koenen. In middei lusterje nei Johan Halbesma koe wonderen dwaan. Halbesma sels fûn altiten dat hy mar in pion wie, ien dy’t de gerdinen iepenhâlde foar it teater fan Hotze Schuil. De man dy’t mei in pear op de sleat yn fytste en thús fertelde dat hy ien út de sleat rêden hie. Hy hie himsels as ‘redder’ de oare deis in boskje blommen gund, as tank. Dat is nochris teater.
 
Johan Halbesma, kening op de PC yn 1964 op de boven en achteryn. Hy wie foar generaasjes de sinne, de man dy’t de minsken opfleure. Dit jier fertelde hy yn dat sa moaie Harnzers:  Sake Saakstra fertelde him ris, want it geheugen fan Halbesma kreaket wolris, oer de fergetten gouden horloazjes dy’t wûn waarden yn Marsum. Sake, Johan en de tredde maat wie Gerrit Fokkens. ‘Nou dan had ik myn dag wel met sukke maten’, sa gniisde Halbesma. Hy wie doe de iennige dy’t gniisde...
 
Je kinne ek yn in teater terjochte komme sûnder it sels te wollen lykas in skoft lyn yn Mantgum tidens de Jong Famme Partij. De man fan it boekje mei de lotsjes wie al nei hûs, hy hie in jierdei. Ynienen betocht de speaker fan dienst dat der noch lotte wurden moast. It is de tiid fan no, dus kaam ien op it idee de Random Generator op de telefoan te brûken. Fansels moast de beskermfrou fan de Jong Famme partij, Manon Scheepstra it nûmer yntikke. It wie nûmer 53 en de man mei de mikrofoan wie optein. Hy sei: ‘Oh dy is foar Wietske, myn frou, dan kin ik teminsten thús komme.’
 
Dat thús kommen giet net foar elk sa flot mear. Seach yn Frjentsjer Trijn mei in rollator foarby kommen. Henk en Trijn, se binne der altiten. En altiten fladdert Trijn troch de fragen hinne as in ‘stoorzender’ mei fergunning om de winner twa tuten te jaan. Yn Frjentsjer wie it net oars, allinne wat trager fansels want dy rollator moast it ek mar byhâlde kinne.
 
Mar sûnt Frjentsjer sjoch ik ek oars nei Henk en Trijn. ‘Ut is su’n pop’, sei Trijn in jier lyn noch mar nei’t Janny van der Meer in ferhaal oer harren beide makke hie. Pieter de Groot hat it doe yn it Ljouwerters oersetten. Te moai om as earbetoan oan Janny net efkes in stikje te sitearen: ‘In ’e seumer staan ik saterdachs en sundachs foar achten al broadsjes te smearen en eikes te bakken. Ik maak fier lunchpakketsjes. Foar oansself, foar Dicky van der Zee en oek foar ouwe Duhoux. Broad, drinken en fruit. Rond un uur of half één krij ik twee sakkys út de koeltas met, dan mut ik de beide mannen even opsnorre.’
 
Trijn kin dit jier mei ien ‘sakky’ minder ta want Dicky van der Zee is te siik om der noch by te wêzen. De wurden fan de skriuwster binne in echo fan it ferline. In jier letter. Achter de gerdinen fan it teater keatsen kinne je allinne mar tinke: Wanneer de lente komt/En als ik dan al dood ben/Zullen de bomen net zo bloeien dan het vorig voorjaar/En de bomen zullen niet minder groen zijn/Dan het vorig voorjaar/De werkelijkheid heeft mij niet nodig.
 

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers