contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (66)

Tekst & foto: Rynk Bosma
 

Treast!

It is de dei tusken lotting en PC yn en as wy alles leauwe meie, sil de dei fan moarn yn it teken fan it ferline en de takomst stean. In moaie junioarenpartij, de jonges dy’t no noch rûn de PC-troan fan de takomst dûnsje. En iderien dy’t ea de PC wûn hat, kin der op de dei sûnder PC by wêze. Of ek iderien komt is noch mar de fraach. Gerrit Okkinga bygelyks is net in man dy’t graach werom tinkt oan de lêste kear dat hy der by wêze mocht. En dat wie yn 2013 doe’t it fyftich jier lyn wie dat hy dy PC wûn hie. Tegearre mei Dreeuwis Smedinga enTinus Santema.  Santema tocht doe der efkes oan om dy priis te wegerjen. ‘Ha sawat net oan it wurd west, allinne Tinus wie oan it wurd’, sa wist Okkinga yn Boalsert noch.

De treast fan in PC-dei sûnder PC docht in bytsje tinken oan de opmerking fan Bauke Triemstra yn Hommerts. ‘Kom op jonges, dy mannen ha noch neat sjen litten!!’ wylst it 5-0 foar de oaren stie. Wol in prachtige foarm fan treast fansels, it toppunt fan treast yn minne tiden fan in keatser dy’t je ek by in dei fan bewolking it gefoel jout dat de sinne troch brekt. Je soenen by Bauke hast tinke oan de wandtegel ‘Wês in sinnestriel, in oar hat der ferlet fan’.

It tema dus fan in dei sûnder PC. Dat docht ek in bytsje tinken oan in oar ferhaal. Je keatse in partij en it wol net, alle earsten wer krije je mar twa of heechút fjouwer punten oan de telegraaf. Je witte it beide en dan stiet it 5-0 en 6-2 mei in keats by de boppe. En de ek strieminne maat draait him om mei de wurden ‘It kin noch!’ En je witte by de folgjende bal net hoe fier je kwea slaan moatte om fan dy maat mei sa’n tekst ferlost te wurden.

Se waarden fyftich jier lyn yn de krante de ‘ontembaren’ neamd, Gerrit Okkinga, Klaas van Wieren en Durk Talsma. It waard ‘trijekeningendei’ want Talsma waard de kening. Achteryn en op de boppe, gjin twadde opslach dus, it wie fyftich jier lyn it ferhaal fan it ûnsichtbere sichtber meitsje. It beleanen fan it beulswurk dat Talsma yn it achterperk die. De oaren gunden him dy keningstitel op dy dei, prachtich fansels mar dan moatte je letter net eamelje dat je it sels wêze wollen hie.

Dat partoer hat hiel wat wûn, mar de PC ha se nea wer wûn en dat is in treast foar it partoer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. De PC is faker in ‘lachspiegel’ west foar de krachtsferhâldingen yn de rest fan it jier. Guon fine it prachtich dat iderien dy PC winne kin, sels fyn ik dat it de kroan op in goed seizoen wêze moat, it bêste partoer fan it jier hat der it measte rjocht op. Dat iderien him winne kin is fansels de grutste treast fan de keatsers dy’t meidogge.

Persoanlik is it gjin dei fan de treast moarn, sis mar, it is te folle betelle leafde foar it keatsen. De treast en de takomst fan it keatsen wurdt dochs benammen foarme troch de minsken dy’t dit jier mear wearde ha as yn oare jierren. Tink oan de ûnbetelle bestjoeren, de perkenlizzers fan Hommerts, Ljouwert, Sint Anne, Moarre-Ljussens en oare plakken, tink oan de bliere blokjerinners dy’t foar in nuts de hiele middei yn it spier binne. Tink oan de plakken dy’t it dochs noch mei frijwilligers sûnder fergoeding oandoarre in partij te organisearjen. Dêrom ek in foto fan de blokjerinners yn it plak wêr’t it allegearre begûn: Moarre-Ljussens.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers