contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (64)

Tekst & foto: Rynk Bosma
 

‘Bedankt Geerd’

De kalinder krûpt nei it midden fan july en de earste twa partijen binne west. As keatsferiening hoegden je net de slingers op te hingjen, dy namen de measte minsken sels wol mei. It is moai te sjen dat je dingen pas misse as sy der net mear binne. In iepen doar fansels, en yn dit gefal giet it dan om it keatsen.
 
Wat wienen der in soad minsken ferdwaald sneon, minsken dy’t je noch nea oan de Skiligewei sjoen hiene kamen der no wol, de tom tom foar de noas, twa hannen oan it stjoer, yn tinzen tinkend krekt lykas in heale iuw earder, wannear begjint no it gerdyn fan krantenpapier dat tusken dit diel fan Fryslân en de rest sit. Mearkes fansels, hege loften en net in loft gelyk, dat moast ek Marty Slager erkenne dy’t meastentiids jûns let of moarns betiid noch op Swarte Hoanne omslacht mei de kamera.
 
Good-old Leendert Ferwerda wie sels oerkaam om de earste partij foar de Bildtse Post op te skriuwen. De measten kinne yn de Dongeradielen fan it CFK syn broer Rein better. Dat wie in namme yn de CFK en it ferhaal giet dat hy sa goed wie dat hy sels in heal jier mei Johannes Brandsma steld west hat. No dan moatte je wol wat kinne, moat der wol by sizze dat de tredde maat opslagger Frans Groen wie. Dus de grutte tiid fan Johannes moast noch komme.
 
De grap is dat Johannes it sels ek noait witten hat dat hy mei Rein Ferwerda steld hie. Ferline jier fertelde ien him dat en it wie net sa raar dat Johannes dat sels net wist, want hy wie fan oktober oant jannewaris steld mei Rein. Net echt de tiid fan de Rengers en de PC. Doe’t it maaie waard wie Anne Rinkema de maat, want regisseur Frans Groen hie besletten dat der dochs in oare rolferdieling komme moast.
 
Fan ‘e moarn stie it prachtige ferhaal fan Ate de Jong oer Hans Jouta foar it moanneblêd De Moanne online. Hans Jouta hat it byld fan Hotze Schuil makke en hy krige ek de opdracht binnen in byld te meitsjen fan Johan Cruijff. It byld is noch net yn Amsterdam, it portret fan makker Hans Jouta wie dwers troch alles hinne moai. En it byld dat Hans yn dat ferhaal makke op papier, al fertellend, fan syn yn maart dit jier ferstoarne heit Sytse wie noch moaier.
 
Hans Jouta is troud mei Doete de Groot en har heit Gjalt de Groot hat jierrenlang in soarte fan toto byhâlden yn it swetshok oan de Miedwei. De ‘ratings’ fan de famylje Jouta links en de famylje De Groot rjochts. Doe’t Hans mei Doete troude waarden de trouklean oan de ein fan de dei oan kant goaid en gienen de beide famyljes yn ‘e slach op it keatsfjild, op in sels oanlein keatsfjild, sa fertelde Gjalt de Groot letter.
 
It waard in tradysje en it is fansels net nuver dat de famylje De Groot yn punten aardich útrûn op de famylje Jouta. Gjalt de Groot wit noch fan dy kear dat syn famylje mei 5-3 achter kaam. Sytse Jouta stie te springen as hie hy it al wûn, heh heh, einlings ris winne fan dy De Groot’en. Je fiele him al oankommen, it wie de Goden útgnize, want op fiif earsten gelyk ferlear Sytse it dochs noch.
 
Dat je net yn alles like goed wêze kin fertelt it ferhaal oer Johan Cruijff. Hans Jouta hie geregeld kontakt mei Geert Kuperus dy’t in skybox yn de ArenA hie en miskien noch wol hat. Mei bylden fan Bobby Haarms en Sjaak Swart, makke troch Hans. Om Hans wat selsfertrouwen te jaan liet Geert Kuperus him in shirt sjen dat hy krigen hie fan Johan Cruijff. Cruijff hie it der sels opskreaun en ôfsluten mei in hantekening: ‘Bedankt Geerd’. Je kinne net oeral like goed yn wêze, wie it boadskip.
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Suppliers