contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (57)

Tekst & Foto: Rynk Bosma
 

Grut hert

De loft is egaal blau, de wite wolkjes binne hast net te sjen en Taeke Triemstra sjocht nei wer in krâns dy’t hy om ‘e nekke krije sil. Gjinien wit wat de krullebol fan Sint Jabik tinkt, lit stean dat ien wit wêr’t hy syn grinzen hat te lizzen as it om it puntenklassemint fan alle tiden giet. In plak yn de top trije, sa sei hy yn it ferline foarsichtich want alle fysike tsjinslach ha Taeke foarsichtich makke.
 
Hy stiet no neist Wiep van Wieren yn puntental op in tredde plak en sil as it goed is dit jier noch ôfstân nimme yn punten. It wie yn Kimswert oerwinning nûmer 33 foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. En dat is like folle as it keningspartoer dat fyftich jier lyn by elkoar stapte. Dan ha wy it oer Gerrit Okkinga, Klaas van Wieren en Dirk Talsma dy’t seis jier lang mei elkoar keatsten.
 
As partoer binne der wol oerienkomsten te finen oant no ta. It partoer Okkinga hie hast altiten in heech nivo en je moasten wol je dei ha om fan harren te winnen. De mannen wûnen hast oeral mar hienen op de PC faak net harren dei. Neffens statuur hie it partoer fan Okkinga faker winne moatten as dy iene kear yn 1970. Wol altiten in twadde of tredde priis, behalve dan yn 1974.
 
De ‘bonkige’ klassike achterynse Dirk Talsma wie eins net te fergelykjen mei de tengere Tjisse. Dirk wie as achterynse in monumint en sil dat altiten bliuwe. Net maklik yn de omgong, mar wol in keatser dy’t de keatsen lâns it lyntsje foarbysloech en op de boppe wie it al lyk sa. Mar in partij hast allinne winne kinne sa as Tjisse, dat siet der net yn.
 
Wat dat oanbelanget ha Klaas en Taeke mear oerienkomsten. Klaas doe noch mei in stekkerige twadde opslach wie in fantastise foarynse krekt as Taeke fansels. Beiden wienen lang, by Taeke is dat wat mear evenredich ferdield. Klaas hie lange fuotten en in breed boppestik. Taeke is no fit mar hat in minne tiid hân en in sykte wêr’t wy it no net oer ha wolle. Ek Klaas hat in tiid hân fan rêchklachten en ek it wurk yn de horeka die him gjin goed.
 
Klaas koe krekt as Wiep letter prachtich yn de platte bal dûke of falle en op hichte hoegden je Klaas gjin bal te jaan. Taeke hat de lêste tiid wat mear in hekel krigen oan de echt platte bal, mar lit him faak stuitsje sadat Tjisse der mei stuit noch in keats fan meitsje kin. En lit Taeke net rikke op in bal want dy sjogge je nea wer werom.
 
Mar de grutste oerienkomst tusken Klaas en Taeke is wol dat beiden mindere maten better keatse litte. Beide keatsers binne of wienen mannen dy’t sa út de etalaazje fan Juwelier Kramer stappe koenen. Mei Taeke yn de begjinjierren wat in gruttere allrounder en miskien is it slachje fan Taeke krekt fan wat mear flewiel makke. Utsein fan Henk Vlietstra noait in moaier slachje sjoen of it moat hait Reinder wêze dy’t even troch de knibbels gie by in tuskenynse en dan de bal ‘fuortwappere’.
 
Gerrit Okkinga wie in hiel oare opslagger as Gert-Anne van der Bos. Sjoch him noch trêdzjen, rêch wat rûngear, grutte swarte bril op en altiten mei de maten oan it perk ta trochrinne. Gert-Anne docht dat ek mar dan hâldt de fergeliking wol op. Okkinga wie of waard in man fan de tuskenynse en hie betiden krekt lykas Gert-Anne de lêste jierren wol in bytsje in hekel oan seis gelyk. Okkinga stie by de opslach dwers foar it perk en moast oan it wurk bliuwe, sa waard der sein. Dus in soad keatsen slaan dan koe ‘Okkie Troai’ oan it wurk. Mar sa’n rare bal as Gert-Anne hie Okkinga net, want as se yn binne is it faak ferskriklik spul. Okkinga wie dus wisser mar dat kaam ek om’t hy minder risiko naam as de opslaggers fan no.
 
Fan Dirk Talsma waard sein dat hy wat ‘bot’ yn de omgong wie, mar in ‘lyts hertsje’ hie. Fan Tjisse wit iderien dat hy in grut hert hat foar oare minsken. Even by Wiep oan om te hearren hoe’t it giet, yn Menaam even by dy ‘fan’ oan fan De Jouwer dy’t apart foar Tjisse komt en slim siik is.
 
Dat fan dat ‘lytse hertsje’ fan Dirk is net wier, op syn wize hie Dirk krekt sa’n grut hert as Tjisse. By it foar my ûnferjitlike petear mei de âlden fan de ferûngelokke Hidde Sijpersma fertelden beiden dat nei dat ûngelok benammen Johannes Westra en Dirk Talsma geregeldwei lâns kamen, op dy leeftiid net de maklikste reizen. De bern fan Eabe Haima fertelden yn in ferhaal, dat letter dit jier noch te lêzen is, hoe’t harren deasike heit trije wiken foar syn dea yn 2002 noch ien kear nei de PC woe. Australise hoed op de holle foar de sinne. De PC wie dien, Hotze Schuil kaam apart noch even lâns om ôfskie te nimmen. Ek Dirk kaam lâns: ‘Durk Talsma saluearde as lêste groet, dat die him wol wat’. 
 

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers