contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (55)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Komplot

Alles foel in dei nei de PC pas op syn plak doe’t de aksjefoto fan Ids Hellinga foarbykaam. De PC-foarsitter yn folle aksje wylst it hiele Sjûkelân der ferlitten by lei. Hellinga woe ien kear yn syn libben as foarsitter fan de PC sels in baltsje slaan op de dei fan de PC. En dan net op de Bleek, mar op it fjild sels. Dus skeakele hy Buienradar en in pleatselike waarman yn om de pleatslike oerheid foar de gek te hâlden. En sa kaam ‘code oranje’, in oare kleur mei ek trouwens, út de hege hoed dy’t Ids sels beskikber steld hie. Want dy siet him by it baltsjeferdriuwen dochs mar yn ‘e wei.
 
Dus alle minsken moasten fan it fjild en it geseur wie lûder as de tongerbuien dy’t boppe it fjild hongen. Dus waard it in lange dei en koart dei foar de ferhalen dy’t in dei letter yn ‘e krante moasten. De PC hie it gelok dat it allegearre net te spannend wie dus koe der opsketten wurde. In oar gelok wie dat de winners harren eigen ferhaal skreaunen. Want as je sa goed binne op it momint dat it moat, dan skriuwe je skiednis sa’t dat mar in bytsje bart. En sa fansels is soks net.
 
Alles foel op syn plak en dan kinne je de oranje bril wol ôfsette fansels en de mannen yn it wyt rjocht dwaan op de dei dat it harren dei wie. It die in bytsje tinken oan de PC fan 1976. Klaas en Wiep van Wieren mei opslagger Johan van Seijst sloegen alles fuort dy deis, en Wiep sei letter dat it miskien wol syn bêste PC wie dy’t hy net wûn. Want Sake Saakstra krige mei in twa omlopen lang knoffeljend partoer healweis de heale finale de ‘geest’ en yn dy tiid wie dan gjin perk feilich. Siet mei in read-wite Van Wierenbril op te sjen, miskien hienen de mannen ek wol griene shirts oan,  hoe’t Sake de mannen yn de finale mar in earst gunden.
 
As je alles lêze wat der nei sa’n PC sein en skreaun wurdt dan soenen je de prestaasjes fan de mannen hast ferjitte, alteast sa folle wurdt der net oer sein. Dan kinne je better in pear dagen by Alzheimer útfanhûs. Dochs kinne je der net om hinne, mei fansels de namme Daniël Iseger yn de haadrol. Ja, wat te sizzen fan fiif wedstriden skorsing? 
 
Litte wy it hâlde op de wiisheid fan in parkearwachter, de ‘letter’ hat, troch allegearre omballingen dy’t der eins neat mei te krijen ha, it wûn fan de ‘geest’ fan de wet. Dat is tige spitich, ek al fanwege de goede bedoelingen fan Iseger. Ek spitich dat it hjir tusken PC en Freule troch oer gean moat wylst it eins oer in Thomas Dijkstra gean moat, of in Jorn Lars van Beem, Karel Monfils, Steven Koster of in Jan Bandstra.
 
Allegearre jonges dy’t hoopje op de dei fan harren libben woansdei. Wat dat oanbelanget wie de PC in foarbyld foar de jongerein, op it juste momint der stean. Mei de dolk fan de leeftyd yn ‘e rêch want hoefolle kânsen komme der noch? 
 
En no mar net hoopje dat de foarsitter fan de Stichting Freule Tseard Dijkstra fan Easterein net yn in komplot sit mei Buienradar of waarman Hinne Bokma, sadat hy op de dei fan de Freule ek even op it fjild baltsjeferdriuwe mei… 
 
 
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Suppliers