contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (52)

Tekst Rynk Bosma
 

Skilder

It momint fan de dei of de mominten fan de wike, alles waait fuort as je mar lang genôch wachtsje. Je hite fan Sjoerd de Jong en as it keatsen begjint, tinke je as echte sporter mar oan ien ding, keatse op de PC. En dan komt de moanne july yn sicht, it praat oer dy iene partij tusken twa tuorren yn komt op gong en dan is it ‘pats’ by de oanrin. De bylden fan de twa tuorren begjinne hinne en wer te skodzjen as stie wynkrêft njoggen der op. As sporter freegje je yn alle wanhoop ôf wat te dwaan.
 
Sa’t by it beteljen fan de belêsting troch alle gatsjes krûpt wurdt, sa wie der ek in gatsje yn de ranking. Ien slach yn it fjild en je ha dy fjirtich punten. Dat hie Sjoerd de Jong wol oer foar syn maat, de iensume Enno Kingma. Want de tsjinwyn hie Pieter Jan Plat ek al fuortblaasd. Ale Jan Anema yn it foarperk en Daniël Iseger mei in twadde opslach achteryn.
 
Yn Boalsert hellen de mannen de twadde priis en de kâns dat beide mannen aansens ek wer op de PC steane is oanwêzich. Iseger en PC, moat tinke oan 1972 doe’t Robert van Wieren en Lammert Breuker Hotze Schuil fregen om noch ien kear op te slaan op de PC. Earst Jarich van der Veen, Gerrit de Jong en Gerrit van der Heide der ôf op 5-5 en 6-6. De ferrassing en de partij fan de dei, sei skreau de krante.
 
Heale finale tsjin Hein Zijlstra, Sikke Sikkema en Flip Soolsma, mei 5-1 achter en dochs weromkomme oant 5-5. Op 6-0 gie Hotze der doe mei syn maten ôf, de minsken stienen op de banken en it ferhaal waard tige romantys kleure. Robert woe it earst net sizze mar fertelde letter dat doe’t hy Hotze ophelle yn syn grutte Amerikaan, de Harnzer earst even rekkenje woe: graach hûndert gûne……
 
It momint fan de dei wie fansels it optreden fan Hotze, de wyn blaasde it foarspul fan de Amerikaan en de sinten oer de dyk fan Harns want it paste doe net yn it plaatsje. Wat Hotze doe koe, kin Iseger seker mocht it safier komme dat hy op de PC komt te stean en dan ha wy it net oer it ôfrekkenjen moarns, mar oer it keatsen op de PC. Want as der ien op de PC him rêde kin, dan is it Iseger.
 
As Marten Bergsma der net te folle út hat, dan ha alle oaren in grut probleem, sa sei ien lêsten. De kening fan de platte bal sûnder stuit krekt oer it lyntsje. Moat opnij oan it ferline tinke, oan Jarich van der Veen yn 1970 mei dy platte bal oer it lyntsje. Goh wat wie Johannes Westra doe lulk dat hy der yn it foarperk net by kaam. Jan Westerlaan hat de partij doe rêden foar Westra want hy woe de bal net oerjaan oan Jarich.
 
Jierren lyn kaam de namme Jarich wer foarby yn Doanjum. Atte Keizer fertelde doe tige grutsk dat hy ea in priis wûn hie mei Jarich en hy tocht dat ik dat as Wâldman wol aardich fine soe. In momint fan gloarje foar de lytse Atte. Hy siet altiten op ‘e boppe, wite petsje op en as hy in slach omgie rûn hy as in reedrider op iis. Hannen op ‘e rêch, in bytsje foaroer as woe hy dat de wyn oer him hinne waaide.
 
Jierren lyn hienen se Atte fan de boven helle op de Jong Nederland partij yn Holwert. It wie sa tusken de 35 en 38 graden en Atte wie oan it blokjerinnen….En dat die in bytsje sear, op dy leeftyd noch blokjerinne. Atte wie skilder, sa fertelde hy wolris. Om de safolle jier it eigen hûs wer skilderje, as krige it hûs in nij libben. 
 
Seach him oan it begjin fan it keatsjier in pear kear sitten, slankje kaam út de noas, slim siik sûnder kâns op in nije laach ferve. Op 11 july ferstoarn, op 16 july de betinking. ‘Worre Weze Weest’, sa stiet yn de advertinsjeIn libben dat net oerskildere wurde koe want de libbenswet is sûnder ‘herkansing’, úteinlik waait alles fuort. 
 

Balkearder52foto

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers