contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (49)

Tekst en foto: Rynk Bosma
 

See-arend

Fansels kin je op wei nei de lekkerste gefulde koeken fan Fryslân yn Holwert krekt dwaan as is dat it hiele libben. De bêste sop fan Fryslân misse yn Berltsum wie al slim genôch, mar dy koeken makken in soad goed. Seach in balende Ate de Jong op it terras fan Het Amelander Veerhuis sitten mei de Leeuwarder Courant want Tjisse wie der ôf….Stie in ferhaal yn oer Manon Scheepstra, sa sei hy en rojaal as Ate is, skuorde hy it stik der út en brocht it letter lâns.
 
Sjoch nei de foto, sjoch nei de stielen peal fan it ‘reuzenrad’ en it liket as riist dat grutte fehikel út de dakpannen fan de prachtige monumentale geveltsjes oan de Lanen yn Harns op nei de himel. Gjin mins sil sizze dat dit echt sa is, elk wit dat dy peal mei in bakje oan de ein yn de wolken mei gillende minsken in stevich ûnderstik hat wêr’t dy enge reis troch de loft op rêst. Mar ek gjin mins docht de muoite om foarby dy Harnzer hûzen te rinnen om te sjen of it ek echt wier is, dy oanname fan dat stevige ûnderstik.
 
En dan binne wy werom by it ferhaal oer Manon Scheepstra, fantastys opskreaun troch Johann Mast op in wize sa as it yn de sjoernalistyk heart. Je moatte altiten even om de hûskes hinne rinne om te sjen of it byld fan wat je sjogge wol kloppet mei de werklikheid. It is in emoasjoneel ferhaal en by elke opmerking fan Manon sketst Mast efkes de eftergrûn, as in soarte fan wip wap fan feiten yn it ferhaal. Foar Manon sels is sa’n ferhaal mear tryst en tragys as fantastys fansels.
 
It is it ferhaal fan de kabouters dy’t dûnsje rûn de troan fan de prinses, de prima donna fan it frouljus keatsen. It is it ferhaal mei de etyk fan de belestingbeteller, rjocht is rjocht sa lang ik der foardiel by ha, mar de multinational moat betelje fansels. Wit sels wol de rêchnûmers en de kleuren fan de ‘dames’ dy’t hjir achter sieten, mar sil se net neame. Der is sjoernalistyk oer skreaun sûnder de muoite te nimmen om even om de Harnzer hûzen hinne te rinnen sa’t it eins heart om nei te gean of de oannames wol klopje.
 
Prima donna? Ja prima donna want as je as ‘partij’ yn it ferhaal mei Mast sa iepenje: ‘Ik heb in dit verhaal niet altijd even goed gehandeld. Dat valt alleen mijzelf te verwijten’, dan binne je yn minsklik opsicht allinne al in prima donna, moreel in iensume see-arend heech yn de loft. It is sa maklik ien de rêch ta te kearen, benammen as je mei mear binne. En it leveret ek noch wat op, je kinne mear prizen winne. Dat it by de mannen oars wêze soe liket net wier, want as ‘Daan’ noch de grutte prizenwinner fan in pear jier lyn wie, dan koenen je de ‘grapkes’ ek op de fingers fan ien hân telle.
 
Dus frouljus keatssters, kom oerein, stek de hân út en gean yn petear want der is noch noait in mins of keatsster west neffens it bibelsk motto ‘Wie zonder zonde is werpe de eerste steen’. Ha ris moed, en los it op mei in iepen fizier, gean om tafel, meitsje de loft wer blau, de oar yn ‘e eagen sjen en it dan útprate. Want as de iennige echte prima donna fan it frouljus keatsen om dizze reden stoppet dan sil op moreel mêd foar ivich it folgjende byld hingjen bliuwe: it byld fan tsjilpende mosken op de nok fan de Harnzer hûzen wylst heech boppe harren de see-arend yn it bakje sit fan it reuzenrad, klear om fuort te fleanen. Dus froulju doch wat dien wurde moat en wurd fan mosk wer see-arend yn dat selde bakje dat no ûnberikber liket.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers