contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (44)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Keninginne
 
Keatsen yn Peazens-Moddergat, it griene fjild mei op de eftergrûn de wite wask oan de line. Bylden wêr’t je as leafhawwer yn delsakje as wie it in waarm bad. Mar it moaiste byld kaam oan ‘e ein fan de dei foarby. De yn swart wite klean stutsen keatsers fan de twadde klas wienen noch mei de finale dwaande. Plukjes minsken der omhinne, de ien mei in griene ridder fan Heineken yn ‘e hân, de oar hâlde it by kofje. De stuollen waarden wer trou meinaam nei de kantine. Mar op de fierste kant siet gjinien mear. De telegraaf stie as in iensume wachter achter de krite, as wie it The last post yn it libben en dêr efter in frou allinne dy’t it byhâlde, Jannie Iseger.
 
Sjoch dat wie it moaiste byld fan memmetrou. Soan Daniël keatste noch mei en mem folge him trou. Derby wêze yn 2004, 2009, 2010, 2011, 2014 en 2015 doe’t Daniël de PC wûn wie gjin keunst, de gloarje as in waarm bad en fan dy warmte krije je as mem sels ek it nedige mei. Mar op in simmerske middei yn Peazens-Moddergat achter de tillegraaf, dat is memmeleafde dy’t grutter is as alle gloarje fan it ferline.
 
As ‘Daan’ binne je dan in echte leafhawwer, de jonge Gjalt Sjirk de Groot in kontsje jaan tegearre mei ‘omke’ Jan Dirk de Groot. De finale tsjin Youri de Groot, Jelle Cnossen en Pieter Jan Leijenaar wie in halte te fier. Gerrit Okkinga sei net om ‘e nocht ‘Wat is dat hjoed in bêst partoer’. Mar it kreake ek by de mannen fan tritich plus, teminsten by De Groot. Daniël: ‘It moat hast dien wêze want do kinst net mear’ tsjin omke Jan Dirk. Of ‘Aansens thús mar yn bad en der moarn wer út’.
 
Sokke wiisheden kamen by de seedyk wol faker foarby. Fansels kamen de sifers fan de postkoades yn Ljouwert efkes lâns en dan kinne je allinne mar sizze: lit wiisheid de trochslach jaan. Mar der wiene mear wiisheden: ‘As ien neat tsjin je seit dan ha je der ek gjin lêst fan’, sa sei Pieter van Tuinen, ja de heit fan PC-winner Pieter van Tuinen. In leafhawwer mei in skerp each foar de sport en de omballingen. De wet flokt wolris mei de sport, sa wist hy. Soan Pieter wie tidens de Freulejierren fliegend op en út en yn it jier dat hy kâns hie op de Freule hie de ‘wet’ in ferrassing: de jeugd moast mei rubberen, reade keunststof ballen keatse. Je kinne je foarstelle wat dat betsjutte foar opslaggers mei in soad gong.
 
In dei letter mochten de mannen fan oranje wer foar de tinte stean, de ‘Mannen dy’t mei dizze opslach hast net ferlieze kinne’, sa seit trainingsmaat Marten Feenstra want ‘Op de trainingen giet it noch folle mâlder’. Tjisse soe in wat ‘mindere’ finale spile ha, sa wurdt der sein….en dus hienen de oare beide rjocht op de keningstitel….sa waard sein. Fansels is der wat te sizzen foar in oare kar, en it is ek moai dat Taeke wer ris yn it midden stie.
 
De krachtpatser fan Littens, Erwin Zijlstra,  wie flak nei ôfrin dúdlik: ‘As je twa of trije kear de opslach oernimme, wa moat it dan wurde?’ Nim de partij tsjin Bauke Triemstra, ien bûten, fiif sitballen en twa boppe wylst Van der Bos der doe sa’n njoggen útlizzen hie. Mar ferliezer Dylan Drent hie ek gelyk doe’t hy oer dy partij sei: ‘Als Bauke in elk eerst nu eens twee buitensloeg in plaats van drie, dan konden wij ook eens een extra fout maken’. 
 
Op nei de ‘mindere’ finale fan Tjisse. Fjouwer sitballen en fjouwer bûten, fiif boppe en trije kear op de seis it earst pakke, dat is de helte dus. Der binne dagen dat oaren hjir elke wike wol foar tekenje wolle. Yn de heale finale ien bûten en yn twadde omloop wie it ek op de fingers fan ien hân te tellen. Nochris, it is moai dat Taeke kening wurden is, it is ek moai dat der ris in oaren kening wurdt. Mar gean net sizzen dat Tjisse der gjin rjocht op hie.
 
Mar hoe moai allegear ek, wol of net terjochte kening wurde, de echte keninginne fan dit wykein siet dochs yn Peazens-Moddergat alhiel allinne efter de tillegraaf om de punten fan soan ‘Daan’ by te hâlden. De wite wask op de line as slingers der omhinne.
 

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers