contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (43)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Sifers
 
‘Dizze wie al wat tichter by de line’, wie dochs wol in positive opmerking fan de coach. Positiver kinne je it net krije want betink wol dat it oer ballen giet dy’t oan de bûtenkant fan de line foelen. Sil gjin sifers neame fan Bauke Triemstra mar dat hy it paad en de stjoer kwyt wie yn Stiens, dat mei wol dúdlik wêze.
 
Om efkes by it positive te bliuwen, wat te tinken fan dy twa ‘jonkies’ dy’t ûnder lieding fan Hendrik Jan van der Velde yn de earste omloop it libben soer makken fan de lettere preemjewinners. Paul Dijkstra en Stefan van der Meer binne de nammen en sy ha benammen Allard Hoekstra aardich switte litten. Mei 5-4 en 6-2 foar, trije matchdarts om efkes wat fan in oare sport te lienen. Mar it wurdt 6-6 en dan moat de bal fansels net nei Allard Hoekstra dy’t de bal dan ek nei de feesttinte sloech.
 
Op 5-5 ha je it fansels as keatsers dy’t krekt komme te sjen dan al ferlern. It wurdt 6-2 en dan fljocht de bal kwea. In learsume dei foar Dijkstra en Van der Meer, mei tank oan it stroeve keatsen fan de tsjinstanner fansels, mar dat heart der by want oars kinne je alles wol de grûn ynwâldzje. Twa fan de trije ha de PC wûn en sa min wienen se ek wer net ek al moast Allard fansels faker as ien kear it skip rêde fan de stoarm.
 
Yn de partij om preemje as neat kaam it partoer fan Jelte-Pieter Dijkstra de mannen fan Bauke Triemstra tsjin. Healweis naam Allard it roer yn hannen en Bauke stie doe al lang te balkearen. De ballen woenen mar net oan de goede kant fan de line falle. En wer wie it Allard dy’t op 5-5 en 6-4 de bal boppe sloech. De sifers telden mear as sechtjin bûten fan de mannen yn it blau, it wiene swiere tiden foar de coach om posityf te bliuwen.
 
En dan de mannen yn it oranje lâns de latte fan de sifers. Yn de twadde omloop wie Gert-Anne van der Bos twa kear de man dy’t it op de seis besliste tsjin Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong. De sifers fertelle dat de man fan Mantgum doe de bêste fan it partoer wie. Mar dochs gie de bal op 4-3 en 6-4 nei Tjisse Steenstra en op 5-3 en 6-6 ek wylst de sifers yn it foardiel fan Van der Bos wienen. Fêste regel dus, de killer oan de bal, moaie sifers of gjin moaie sifers, en de winner hat altiten gelyk.
 
Dat die yn de heale finale wol wer bliken, Tjisse pakt fjouwer (!!!!) earsten op de seis en op 5-1 en 2-6 jout hy twa sitballen dy’t op 6-6 troch Taeke ôfmakke wurdt mei in boppeslach. Yn de finale wienen de sifers wer yn it foardiel fan Van der Bos, dus sis it mar. Mar de grutste winst lei ergens oars. De man fan Mantgum is yn lykwicht, hy liket nei twa swiere jierren in gelokkich man, in man fan skouderklopkes op it dochs âlde skouder fan Vellinga op de karmastersstoel. En dat is moai om te sjen, it ‘bûge of barste’ is fuort yn de opslach. Fansels fleant der noch wolris ien út, mar der siet ek in slappe bal tusken oer Thomas van Zuiden hinne. Koartom, sifers fertelle net it hiele ferhaal want in gelokkich mins is net yn sifers út te drukken… 

 

PaulDijkstraStiens2efotoBalk43[14490]

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers