contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (42)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Keare as in frou
 
‘Keare as in frou’ wie it sitaat fan de wike want hie him noch nea earder heard. Wit no ek hoe’t dat is, dan ha je de fingers omheech en net lykas Pieter Jan Plat op de foto de fingers nei ûnderen. Hoe dan ek, Sjoerd de Jong liet dus de bal slûpe en dêrmei waaiden de krânsen foar de Bildstars samar oer de seedyk. 
 
It koe fansels noch slimmer mar dan moatte wy wer in ein it ferline yn. De prekers fan dat ferline dat neffens harren sa’n stik better en moaier wie as de dei fan hjoed ha no nei jierren einlik de juste toan fûn. De gek stekke mei eigen opfettingen oer it keatsen fan doe en no, de want fan doe en dy fan no farre hân yn hân op in klompke mei it syl heech yn top oer de marren fan eigen gekkichheid.
 
Mar no werom nei dat ferline, kin der ek neat oan dwaan mar kom wer út by Aebe Haima. In PC yn de jierren fjirtich en it wie fiif earsten gelyk en seis gelyk doe’t Haima de bal foar de keats rjocht op him ôf kommen seach. Op knibbels dus, soe hy de fingers lykas in frou omheech hâlden ha? Miskien wie dat it wol, mar maat Hotze Schuil tocht dat Haima dy bal keard hie en sei ‘Nou seun gefelisiteard, dat is de derde op rij’ en hy moat de hân útstutsen ha. En doe moast Haima it noch fertelle dat hy dy bal rinne litten hie. Wat Schuil dêrnei sei litte wy oan de ferbylding oer, mar ien treast, der wie yn elts gefal in dokter yn ‘e buert.
 
Fansels sneu foar Sjoerd de Jong mar ek foar syn maten, want de Bildtstars hienen samar foar in ferrassing soargje kinnen. Benammen Enno Kingma hie’k de krânse wol ta ha wollen no’t it mei syn trouste supporter pake Herre Kingma wat minder wol. Want dat is it foarjier ek nei in lange winter. Foar guon sil it grien dochs oars wêze as oars. It libben is lykas wetter tsjin de rots, der rekket altiten wol in stientsje los wêrtroch it wetter fuortsipelt.
 
Sjoch mar nei sneon doe’t Manon Scheepstra har earste krânse fan it jier wûn sûnder dat ‘opa’ Seerden der by wie. Sjoch nei de Osinga’s dy’t mei harren prachtige stabijhûn der altiten wiene en hooplik ek dit jier wer as trouwe supporters der by wêze sille. Mar it gers sil nea wer dy selde kleur grien ha, de loft sil nea wer sa blau wêze as yn de tiid dat it wetter noch troch de rots libben keard waard, doe’t de stientsjes noch diel útmakken fan de hiele rots. En soks ha je sels net yn ‘e hân en dan makket it neat út of je no keare as in frou of in man.
 

DSC_4447

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers