contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (41)

Tekst: Rynk Bosma
 

En op ‘e nij wie it yn Weidum kâld en foel de rein betiden rjocht nei ûnderen en je freegje je betiden ôf of Weidum miskien op de stoel sitten gien is fan Doanjum dy’t it ek net faak trof mei it waar. Oan it fjild kin it net lizze en it wie mar goed dat de reis dit wykein nei Holwert gie. It plak wêr’t altiten wyn is, it plak ek fan It Keechje en de diehards op leeftyd op ’e earste rige fan de oerdekte tribune.
 
VvV Concordia mocht de earste partij ha dy’t dit jier iepen stie foar alle keatsers dy’t aansen warber wêze sille yn Fryslân. No hat Holwert al wer in pear jier de earste partij fan it jier en it is sa’t it is, de echte leafhawwer heart hjir te wêzen, punt út, sa’t foarsitter Metske van der Ploeg sei. Wat dat oanbelanget wienen der mei 27 keatsers net folle echte leafhawwers yn Fryslân en hoe’t dat kin wist gjin ien. Ja de roddels dêroer koe de foarsitter wol neame, mar de jager yn oare tiden is in hear en fertelt gjin roddels troch, lit dat oaren mar dwaan. Je kinne oer de bedoelingen fan it konsept ek yn fuotbaltermen sizze dat in stekbal pas geniaal is as in oar it begrypt.
 
Je kinne de finger wize nei de haadklassers, mar ek nei de earste klassers of de junioaren. It jout allegearre neat, mear smaken wienen der net. Dus let wie it net dien, tusken twa en trije oere en guon fûnen dêr wer neat oan. ‘Wat moatte wy no de rest fan ‘e middei?’ sa frege de rige op leeftyd him lûdop ôf. It sop yn de kantine hienen se hân en de leeftyd foar it sop yn de fleskes wie foarby.
 
Tocht oan Weidum, oan húsdokter Aebe Haima dy’t syn praktyk flak by it keatsfjild fan Weidum hie. In apart paad rûn rjochtstreeks nei it keatsfjild en syn bern en frou wisten  troch de wike wêr’t dokter wie as de sprekkeamer leech wie. As hy jûnstsjinst hie, dan hie Aebe Haima de keatsklean ûnder de wite jas. Gjin pasjinten, dan hurd nei it keatsfjild om te keatsen. Kaam der yniens in pasjint opdagen, dan stie syn frou by de hikke om de dokter út de krite te roppen. Betiden stie de pasjint der sels om de dokter te roppen.
 
Sjoch dan ha je it oer leafhawwers fan in oare tiid. Dat soe no net mear kinne want ‘klachten’ en ‘schadeletsel’ binne de nije wapens fan dizze tiid. Yn dy tiid wie de sportkeuring ferplicht foar de keatser en fansels gienen se allegearre nei dokter Haima. Ek Hotze Schuil, dy’t trouwens wol jierren hân hat dat hy yn Weidum mar krekt yn koe… Dy keuring fan doe koe no ek net mear, even op ‘e rêch klopje, de bloeddruk opnimme en dan fierder oer keatsen prate, dat wie de sportkeuring foar in Hotze Schuil…
 
Fansels binne der noch wol moderne Haima’s, yn Holwert waard dy moderne Haima kening fan de partij. Allard Hoekstra is syn namme en hy keatst om’t hy it moai fynt. Hy keatst om’t it gesellich is, hy wol eins altiten wol keatse en is altiten aardich tsjin de maten ek al kinne se krekt wat minder. De keatser sa’t it ea bedoeld wie en dêr mochten der wol wat mear fan wêze.
 

Balkearderfot41_Fotor-1

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Suppliers