contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (40)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

De skriuwer Jan Wolkers fûn de hjerst en de winter wat de natoer oanbelanget de moaiste tiid fan it jier. De blêden dy’t noch efkes prachtich it giele, reade of brune deadskleed oanlûke ear’t hja ien wurde mei de ierde. De Aldehou komt eins wat te betiid om de klassiker fan de fallende blêden neamd te wurden want de natoer hat him noch net oerjûn. Dat jildt al foar de keatsers, froulju en manlju, dy sjogge noch efkes oer it skouder en de measten kinne net in keatsbal mear sjen. Tiid foar wat oars, noch net tiid om  al foarút te sjen nei it oare jier.
 
Doe’t Wiljo Sybrandy fertelde dat sy yn 2019 ophâlde soe, gienen de eigen tinzen yn de eigen tún fuortendaliks nei Imke van der Leest: ‘As sy wat wolle dan moatte sy dy fjoerfretter nimme’, sa wie de riddenaasje. Jûns stie it al op de site, de pakesizzer fan Marten van der Leest soe it oare jier de want wer oanlûke, gelokkich…..want it frouljus keatsen hat der ferlet fan.
 
Der binne wol mear dingen wêr’t it frouljus keatsen ferlet fan hat. Seach hjoed de twa deiblêden mei grutte foto’s fan klassemintswinner Taeke Triemstra. Terjochte, dat wol mar wat te tinken fan Manon Scheepstra dy’t as keatsster like sierlik oer it fjild rint, dy’t geweldich slaan kin op en út en in ‘grand dame’ yn har dwaan en litten. Hie der no net efkes romte west foar in foto fan dizze keatsster dy’t ek it klassemint wûn hat. En om efkes fierder te gean, is der yn 2019 miskien wat mear omtinken mooglik foar de froulju? Wat mear analise graach, wat mear eftergrûn, wat moaiere wurden foar de froulju want dat fertsjinje se. 
 
En net seure dat de krêftsferskillen sa grut binne want dat is fan alle tiden, ek by de mannen. Sechtjin kear in formaasjepartij winne sa as yn 1982, gjinien seurde dêr oer. Of 2005, Chris Wassenaar kaam 21 of 22 kear mei in krânse thús. Tusken de fallende blêden troch wurdt it tiid alles op in rygje te setten, sa is it doel ek fan Marco Hoekstra. De measten yn keatslân tinke fan as ik hjoed in feroaring foarstel, moat it moarn gebeure. Mar sa wurket it fansels net.
 
Wa’t sneon miste wie Henk Bootsma, hy hie sneons wat oars. Hy moast nei Utrecht want der wie in foto fan him nomineard. Fan de 3300 ynstjoerde foto’s wiene der 150 nomineard en foar Bootsma wie der in tredde priis. Hy mei trije dagen op reis nei Berlyn. Efkes de keatsballen fuortwaaie litte yn dy sa moaie stêd dy’t jierrenlang opdield wie yn east en west Berlyn. Mar no is it ien stêd, miskien kin Henk as hy werom komt útlizze hoe’t Berlyn ien stêd wurden is. Foar de keatswrâld mei syn ferskillende kampen wol aardich om te witten. Wa wit kin it dizze winter ien kamp wurde dy’t allegearre itselde wolle: de keatssport behâlde foar de takomst.
 

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers