contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (39)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Wiken lang as sjoernalist libje ûnder in himel sûnder wolken en yn dat berop betsjut dit dat je der yn eigen ferhalen net neist sitte, dat je gjin flaters makke ha. Teminsten gjinien hat dat al dy tiid meld. Mar it kin fansels sa mar oars en de earste heraut tsjinne him al op freed oan. Ludwig Seerden wie de namme en hiel foarsichtich oppere hy dat it net allinne de famylje Taede en Elias Zijlstra en de famylje Tolsma, Uultsje en Peter en André wienen dy’t as heit en soannen beide de Freule wûn hienen, mar dat ek Hennie en Erik Seerden as heit en soan de Freule wûn hienen. En hy hie gelyk. ‘Onder andere’ wie de toverspreuk west yn it ferhaal oer Any en Laas Pieter van Straten, dan wie der neat oan de hân west. 
 
Want net folle letter kaam dizze mail fan S. Berkepas fan Balk: Zit ik ernaast of u?
Vader en zoon winnen de freule 3x, heb ik altijd gedacht, dat vader en zoon
de Jong uit Raerd [Rauwerd] dit in 1913 en 1940 ook hebben gepresteerd! De les is fansels dat je yn bepaalde saken nea te ‘stellig’ wêze moatte want neffens Johannes Brandsma ha der wol in stik as sân west, yn ien famylje wienen it sels trije generaasjes, heit, soan en pakesizzer, neffens Johannes. 
 
Litte wy it dêr mar by, want wichtiger wie in telefoantsje fan in keatsleafhawwer dy’t nei Marsum belle wie troch minsken dy’t net mear om wat foar reden ek nei it keatsen ta kinne. Of se binne in skoftsje siik, of se sitte bygelyks yn Borniaherne of in oare ynstelling. Dus is de radio harren lyntsje nei it keatsfjild en tidens de Marsumer merke op snein wie it op de radio hiel stil wat it keatsen oanbelanget. De beller hat fan ‘e moarn noch lustere nei it sportoersjoch fan de Omrop, mar ek dêr waard neat sein oer it keatsen yn Marsum. En om’t ek Radio Eenhoorn der net wie, je moatte mar altiten frijwilligers fine, wie it snein ‘algehele radiostilte’ yn de letterlike betsjutting.
 
Dat is spitich want der binne fansels minsken dy’t net nei it keatsen mear wolle, mar ek minsken dy’t net mear nei it keatsen kinne. No kinne je wol sizze dat se yn Marsum op it fjild sels net folle mist ha, mar dêr giet it net om. Dat kin ek al te faak fan it Nederlâns elftal sein wurde, mar je wolle wol witte wat de útslach wie. Oan de oare kant ha se wol in moaie en spannende finale mist mei nije nammen lykas Haye Jan Nicolay en Arnold Zijlstra dy’t yn 2017 foar it lêst in krânse wûn ha, yn Huzum op in formaasjepartij noch wol.
 
Mar wichtiger noch, se ha ek de ‘herfstkoning’ fan 2018 mist, Marten Bergsma. Wat in aardichheid om dit kanon yn aksje te sjen en dat wie yn Penjum ek al sa. Mar yn Marsum wie hy noch better en de terjochte kening. Mei de nammen Nicolay en Zijlstra of Kees van der Schoot dy’t as ynfaller yn Penjum yn 2017 foar it lêst in earste priis wûn op de haadklasse, wurdt ek dúdlik dat hast alle prizen dit jier nei in pear keatsers gien binne. Miskien fiif of seis en de rest koe altiten earder nei hûs. Sa’t dat yn de Champions League ek giet, der dogge eins mar fjouwer mei foar de prizen. It gefolch is dat minsken minder sjogge, en dat is by it keatsen ek sa. Der binne wol oplossingen, mar dy moatte wol betocht wurde fansels.
 
 

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers