contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (38)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Archief

Penjum wie hast it Waterloo wurden. Dat alles einigt yn Penjum mei dat wide flakke boulân en yn de fierte de seedyk, it is net iens sa’n raar plak om nei de ûndergong te gean. Mar dan wol op de muzyk fan muzykkorps de Harmonie dat wer de hiele keatsmiddei op har post siet. Undergean wylst de muzyk troch spilet, it soe sa út de film The Titanic komme kinne. No binne dit fansels wol wat grutte wurden, ûndergean en ein mar dochs. 
 
In mins boppe de seis krúskes kin net mear twa dingen tagelyk dwaan dus doe’t it petear mei Sjoerd de Jong op de telefoan opslein waard wie der gjin each foar de grutte tsjillen fan de trekker fan Jouke. Je rûke dy âld trekker fan fierren, mar ek Jouke kin gjin twa dingen tagelyk. Dy sit achterom te sjen en net foarút, net nei in man dy’t yn ‘e wei stiet. Gelokkich wie dêr Pieter Jan Plat, as keatser hat hy it nedige oersicht en no ek en sa kin dit stikje der dochs noch komme.
 
Te grutte wurden fansels foar eat dat net te fergelykjen is mei dy linkerhân dy’t as in fûst omheech stutsen wurdt mei de wurden ‘Wat sille wy beleve!!’ It wie al stie Robert van Wieren wer yn de krite, de brune eagen spatten fjoer en de besiker tocht fan dit komt wol wer goed mei sa folle fjoer. Robert moat revalideare yn Ljouwert nei in hersenbloeding. In gefjocht dus dat net te fergelykjen is mei in boppeslach, want dêr hie Robert gjin muoite mei yn syn bêste tiid.
 
Hoopje ek net dat it fjoer dat yn him baarnt liket op dat sa moaie ferhaal oer Robert op de Bond. ‘Moatst hjir mar komme!’ sa raasde hy út it achterperk wei, finger omheech. En tsjin de minsken achter dat perk sei hy ‘Ik hoopje net dat ik him krij’ want syn skouder wie doe al stikken.
 
Gjin PC dit jier foar de geblokte kapper fan froeger, de man dy’t yn 1968 yn de finale fan de PC stie. Spitich fûn Robert dat want hy hie graach efkes mei syn maat fan doe, Pier de Groot praten. Ea hie hy in skarreltsje mei de sa kreaze frou fan Pier doe’t Pier noch net yn byld wie. Dat wie gau dien doe’t dy skarrel Robert yn in grutte Amearikaan foarby riden seach mei neist him in oare skarrel…
 
Mei elkoar stride om de krânsen oan de ein as in soarte fan Helena fan Troje. It ferbynt foar in hiel libben, in kaartsje fan de dochters fan Hotze Schuil, de PC-winner fan 1972 Piet de Jong kaam ek efkes del. Fansels giet it dan oer it ferhaal yn Harns. Robert foel yn foar Wiepie, Lammert Breuker efteryn en Piet de Jong wie opslagger. De krânsen wiene foar har en nei dy tiid efkes nei De poort van Franeker. Net te lang want Lammert moast de boat helje foar fakânsje op Skylge. De mannen ha him útswaaid yn de haven, mar Lammert siet op ‘e boat nei Flylân. 
 
As jonkje fan tsien wie Robert myn held as hy yn Ikkerwâld delkaam. In hast Grykse held, grutter as de beammen om it fjild, grutter ek as de ôfstân fan de ballen dy’t Robert oer de boppe jage. En no is hy fan efterynse balkearder wurden, ôfhinkelik fan it spul mei it libben oan de opslach. Skriuw tsjin better witten yn: helden hearre net te ferdwinen, ek net de helden fan juster. De Marsumer merke moat hy dit jier misse, lit him tusken no en de Marsumer merke fan 2019 noch in soad ballen foar de keats keare, sadat hy it gefoel  wer krijt dat hy meidocht oan it libben. En dan it oare jier wer op de earste rige fan de Marsumer merke. As de held fan 1967 doe’t Robert it yn Marsum wûn (sjoch foto) tusken de maten fan doe, Sikke Sikkema en Hein Zijlstra yn.
 
 
 

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers