contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (34)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Seurkonten sille sizze goh wat wie it wer in lange dei dy PC en as wy trije moaie partijen sjoen ha is it in soad. Foar oaren kin de dei net lang genôch duorje en it is dat der in drigende deadline fan de krante as in swurd boppe de holle hinget, want oars mocht de dei in ivichheid wêze en dy ivichheid in dei sa’t Pieter Breuker dat ea sa moai sei.
 
Foar Allard Hoekstra stiet de dei foar ivich op de skoarstienmantel en der sille in bytsje minsken wêze dy’t it ‘Bokito’ net gunne. Want dat is de bynamme fan de PC kening fan 2018 fanwege syn ‘geblokte’ postuer. Mar it hie ek Peter van Zuiden wêze kinnen, eins hie it neat útmakke. Oaren fûnen it in ferskriklike PC om’t Tjisse Steenstra it wer net wûn hat en as de PC de spegel fan it keatsseizoen is, dan hie dat wol moatten, sa is it praat.
 
Mar just dat is it moaie fan de PC, en it moaie fan sport. Yn de maatskippij winne de grutten (sinten) it altiten fan de lytsen (gjin sinten), by it fuotbal is it net oars. Mar op de PC is dat net altiten sa en dat makket de dei sa moai. It is de top fan de berch, fan no ôf oan geane wy wer del nei de Aldehou, de wyn fan de hjerst en de wiete snie fan de winter om it folgend jier de berch wer te beklimmen. Dat binne trouwens de wurden  fan PC foarsitter Klaas Bijlsma dy’t wolris as in soad selsbeneamde dichter boppe de wolken fan it deistige libben hingje woe en faak de ein net fine koe moarns.
 
In soad emoasje ek by Hoekstra doe’t hy dy keningsbal krige, grutte emoasje by grutte prestaasjes want eins hie hy der net op rekkene. Mar der wie mear, de pake fan Laas Pieter van Straten dy’t it net rjocht mear folgje kin, mar wol op de PC is om it te folgjen. Der is fêst wol ien dy’t him fertelle kin wêr’t de keatsen lizze. 
 
De trije sinneblommen moarns dy’t Heleen Bruinsma krigen hie fan Klaas Postma, de man fan de sifers, de man dy’t as in sfinks it spul folget. In man ek dy’t mear om in oar tinkt as dat in oar om him tinkt. Moarnsier op de PC, gjinien yn de buert, joech hy dy trije sinneblommen, trije, it getal fan in partoer, dat sûnder dat sifer trije net folslein mear is. 
 
Healweis de dei kamen takomst en ferline by elkoar om ôfskie te nimmen fan Hylke Bruinsma. Hy ferlear yn de meast emoasjonele partij fan de dei, goh wat woenen dy beide maten Hylke graach oan in priis helpe, dan de pine fan Erwin mar efkes yn de wachtkeamer. 
 
It koe fansels ek net mis gean mei sa’n lotting op moandeitejûn. Yn it foar wie der noed oer it tal kaarten dat ferkocht wie, mar op de jûne sels kamen de minsken fan alle kanten om te sjen nei prachtich teater, de winners fan 2017 op in soart fan hûnekarre mei twa bern op de bok. It wie de oanrin ta in drokke keatswike mei ek trije dagen in EK yn Frjentsjer.
 
It binne net mear de tiden fan Klaas Bijlsma of Ulbe Hannema, sjoch PC kommisjelid Theunis Bakker op de heftruck riden om de flierren fan it Sjûkelân te riden. By it muorrekeatsen heakke it efkes, gjin finales op de selde dei en dat hie  jildige redenen wêr’t guon fan de Omrop net fan hearre woenen.
 
Want it paste net mear yn de útstjoering, gjin winners oan de ein fan de dei.  As je dan tinke dat je it in ‘sof’ of in ‘fiasko’ neame moatte, dan fersteane je net de keunst om oer de hage fan it eigenbelang hinne te sjen.
 
 

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers