contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (33)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

‘it is in moai plakje hear, om neist de kening te stean’, sa sei Sake Saakstra sneon yn PC Kafee dat hielendal yn it teken stie fan it jier 1988 en elk wit wat der doe barde rûnom de keningstitel op de PC. Dus dêr hoege wy it hjir net mear oer te ha. Ek net oer wa’t woansdei de nije kening wurdt, as alles meisit. Ja jim hearre it goed, as alles meisit want as je tritich jier letter terjochte oer de keningspriis prate as ‘oeuvreprijs’ foar in keatser dan kin en mei it dochs net oars wêze dat Tjisse Steenstra der dit jier mei nei hûs giet.
 
Fansels wurdt der op de eftergrûn wer fan alles mompele dat it woansdei hiel oars komt as de lêste twa moanne. De ien mompelt fan ‘Ze gaan er woensdag aan’, de oar mompelt in tekst út in boek dat trije jier lyn noch oan de oarder wie mar no al lang net mear: ‘Ik maak hem helemaal gek met appkes’. Prachtich fansels mar dat wienen oare tiden en dus teksten dy’t net mear lykop rinne mei it jier 2018.
 
As je de trije keatsmoannen dy’t wy no achter de rêch ha oereidzje dan falle der in pear dingen op. Fyn Marten Bergsma, ek tige goed yn Arum, dochs ien fan de opslaggers dy’t it dit jier wol wier makket. It soe in jier lyn wurde mar doe wie de druk krekt te grut. No is it allegearre wat luchtiger mei jonges dy’t wat makliker yn de omgong binne.
 
It omgekearde kinne je sizze fan Enno Kingma, earst in moanne misse mar no stadichoan in grize mûs. Seker as je de ‘King’ fan ferline jier foar eagen ha. Ja, der wie efkes ‘Kingmajazz’ yn Sint Jabik, ja der wie in skoftsje dat gjinien yn it foarperk sa goed wie as Renze Pieter Hiemstra en ja betiden is Hans Wassenaar like grut as de snie op de Mont Blanc. Mar ja, sinne en snie, je witte hoe’t dat betiden ôfrint. Mar wichtiger is noch de fraach: wat dogge je as it wat minder giet, wat dogge je mei it leauwen yn eigen kinnen fan je maten, fan je opslagger. Tink dat it antwurd op dy fragen en in mindere Kingma ien en de selde ferklearring ha.
 
Wat dat oanbelanget is it mei de jongste Triemstra net oars. Te min rjochting, it hout fan seis gelyk te swier op ‘e nekke, in skoftsje net fit, te grutte keatsen dy’t hymje yn ‘e nekke fan de krullebol, de oranjemannen talitte yn eigen holle en sa talitte dat de mannen it ek noch winne. En dan kin je wol sizze  sa’t in maat fan Bauke Triemstra seit: ‘Ik maak hem helemaal gek met appkes’, mar dan ha je de ferkearde tekst yn de ferkearde film, dan brûke je tekst út de film Casablanca (1942) mei Humphrey Bogart yn de film Incredibles 2 en dat flokt fansels.
 
De PC komt der oan, en moat tinke oan dy iene strip fan Jan Jans en de kinderen fan Jan Kruis. In famke op de bank dy’t oer trije dagen jierdei is en elke dei eamelt ‘nog zo veel nachtjes slapen en dan ben ik jarig’ oant in suske har nocht hat en seit ‘Over vier dagen is het nog 364 nachtjes slapen’. It famke gûle fansels.
 
Mei de PC is it net oars, ek al wienen de wurden fan Klaas Bijlsma yn 1958 wol wat moaier: ‘Het is de dag, waar Franeker een half jaar naar toeleeft en om met de profeten te spreken: vandaag staat de stad op de berg. Nu gaat het weer bergaf, nei de hjerst en de wiete, klamme snie fan de winter.’ Maar wij weten dan beginnen we weer bergop te leven.’
 
Romantyk fan in oare tiid, miskien wat oerdreaun. Tink oan Tamme Velstra dy’t woansdei net komme wol foar it earbetoan fan 1968. Mar tink noch folle mear oan dy oare finalist, Robert van Wieren, dy’t net komme kin en hoopje stikem mei de nedige emoasje op dy lêste wurden fan Bijlsma: ‘Maar wij weten dan beginnen we weer bergop te leven’.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Suppliers