contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (25)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

It keatsen is no sa’n seis wiken ûnderweis en it praat fan hoe’t it oars en better kin is fier te sykjen. Der is hiel wat foarby kaam de lêste jierren, fan ôfskaffen fan de nap oant it ôfskaffen fan it boppeslaan.  In soad resepten mar gjinien hie betinke kinnen dat it keatsen syn eigen resept meinimme soe yn 2018. En dat resept hat de namme spanning, hoe spannender hoe moaier de minsken it fine. En spannend is it dit jier, benammen yn de lêste partij. Yn Sint Anne wie it fiif earsten gelyk en  seis gelyk, op de Jong Nederlân krekt sa en ek op de Bond hong de telegraaf skeef fan it hout. Yn it ôfrûne wykein wie it net oars.
 
Ferline wike wie der in nij resept, de opslach tichter by lizze. Moast it noch in kear lêze en moatst tinke oan knikkerjen. Of tinke oan knikkerjen mei in stôk foar grutte minsken dy’t dan yn kleurde broeken en mei in karke it fjild oer rinne, golf wurdt dat neamd. En it knikkerjen fan eartiids gie der om wa’t it earst de knikkerts yn in kûltsje hie, hoe tichter by hoe grutter de kâns.
 
Mar de opslach by it keatsen is tsjintwurdich gjin heinebaljen mear. As de opslach tichterby komt, dan moat der in minskenfrije fleanzone achter it perk ynsteld wurde fanwege ‘laagvliegende ballen met kans op ernstige verwondingen’, sa soe op warskôgingsboerd stean kinne. Boppedat, om even it moaiste sitaat fan it wykein te brûken, úteraard fan Hans Wassenaar: ,,Dat je dat dogge op sa’n momint, dat slacht nergens op. As je sân fan de acht ballen tsjin de line oan flikkerje dan ha je miskien gelok, mar dan ha je ek kwaliteit.’’ Dat giet dan oer de trije sitballen fan Tjisse Steenstra op 5-3. Wassenaar liet tusken tomme en wiisfinger sjen hoe lyts de ôfstân fan de efterline wie.
 
Nee it keatsen hat sels it resept fûn ek al sil it net tafalle om mei sin in fiif earsten gelykpartij te keatsen, de mannen ha leaver 5-1 oan de telegraaf. Mar de minsken fine it geweldich en dan ferjitte je de fouten nei ôfrin. Jûn (moandei) wurde der bylden toand fan de PC fan 2017. Minsken wiene nei ôfrin út de skroeven want it wie as in thriller. Frege Chris Wassenaar doe nei ôfrin wat hy der fan fûn. Geweldich, wat hat dy Jelle Attema opslein, sa sei hy. Dat dy Attema der fyftjin bûten hie wie him net opfallen….
 
By it grutkapitaal fan de Champions League komme se der no achter dat de poulefase te foarspelber wurdt, minsken sjogge, terjochte, net mear want je kinne mei de eagen ticht sizze wa’t de heale finales berikke. Mei de frije formaasje is dat net sa, mei it troch elkoar lotsjen alhiel net, Enno Kingma sei yn Moarre: ,,Het is veel onvoorspelbaarder dan vrije formatie, je kent elkaar als maten minder goed.’’
 
Kees van der Schoot hie yn Moarre in twadde priis en wat hy nei ôfrin sei siet ticht by in slutende ferklearring: ,,Wy ha it lizze litten op mominten dat wy tochten dat wy der oer hinne koenen.’’ Maat Wassenaar sei in dei letter yn Dronryp: ,,Wy ha net mear meidien oan ‘e ein.’’ En dat nei in foarsprong fan 5-4 en 5-3.
 
De plaknamme is fallen, Moarre, KV Warber Bliuwe 75 jier, wat in plak om te kommen. Je kinne sizze dat je wol hiel fier reizgje moatte om it better en freonliker te krijen as yn Moarre. Foar ‘Bokito’ Allard Hoekstra wol it dêr wol keatse, earder hie hy yn Ie ek de priis, ek al wie syn kaartenkennis net hielendal up-to-date: ,,It wol mei my wol keatse yn de Wâlden….’’ It sil my benije hoe’t ús krullebol fan Frjentsjer it sneon yn Damwâld yn de Dongeradelen docht.
 
 

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers