contact zoeken wedstrijden

Robots soarchje foar kreas Freulefjild

Tekst: Hinne Bokma
Foto's: Henk Bootsma

Wommels - Sûnt ferline wike wurdt it gers op it fjild fan de Keatsferiening Wommels koart holden troch twa ‘super slimme’ meanrobots. De ‘KF Wommels 1’ en ‘KF Wommels 2’ kinne fia in app op de tillefoan betsjinne wurde en witte presys wat se dwaan moatte. De twa masines binne levere troch Greidanus Tuin & Park út Winsum.
 
Troch Hinne Bokma fan Utjouwerij Bokma
www.skille.nl

 
Oare jierren waard it fjild twa kear yn de wike meand troch in meiwurker fan in túnbedriuw. Dat is no net mear nedich. ,,Op lange termyn kinne wy wol jild op it ûnderhâld fan it fjild besparje”, sa jout foarsitter Douwe Kooistra fan Keatsferiening Wommels oan. ,,Mar meane mei robots is ek foar it fjild better.
 
It gers wurdt konstant koart holden.” Ien robot kin it gers fan in fjild fan 5000 fjouwerkante meter bestrike. Omdat it keatsfjild fan Wommels krapoan 8000 fjouwerkante meter grut is binne der twa robots nedich. It fjild is mei grinstriedden ôf skerme, sadat de robots net it spoar bjuster reitsje kinne. Tidens trainingen en keatswedstriden hawwe de robots efkes lins. Dan binne se yn harren hok.
 
De meanrobots binne fan it type 550 automower fan Husqvarna. Se beskikke oer in yngenieus systeem om stelderij tsjin te gean. Se ha in saneamd GPS track en tracé systeem. Foarsitter Kooistra jout dieven net folle kâns. Komme de robots bûten it fjild dan produsearje se in helsk kabaal en fia it GPS-systeem binne se altiten te trasearjen. De robots passe harren wurk oan oan de groei fan it gers en it waar. By sinnich en waarm waar komme se minder gau yn aksje as by groeisum waar. De meanhichte kin oanpast wurde.
 
Sa kin der op de Freule, dit jier op woansdei 8 augustus, op in prachtige gersmatte keatst wurde. It keatsterrein yn Wommels is it twadde sportfjild yn de Greidhoeke, dêr’t in robot it wurk fan de meanmasine oernommen hat. Yn Jorwert hat de Stichting Sportontwikkeling Jorwert twa jier werom by Greidanus in robot kocht om it sportfjild te meanen. It foldocht dêr poerbêst.
 

DSC_7873

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers