contact zoeken wedstrijden

Column Balkearder (10)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Rynk Bosma

Minsken en mieningen, it is de tiid der foar. Eltsenien kin syn miening tsjintwurdich kwyt op it internet en dat wurdt ek dien. Fansels ha je mei sa’n stikje as dit ek in grutte kâns dat it wer in miening wurdt. Dat is eins net de bedoeling want der binne al sa’n soad mieningen.
 
Alles op in rychje sette falt net ta en ek dat kin net de bedoeling wêze. Yn Weidum gienen de earste ferhalen al rûn oer de ballen. Der soenen keatsballen fan sân jier lyn brûkt wurde, âlde sekken wêr’t net mei te slaan is. Twa moanne letter kamen de keatsbaltsjes wer boppe driuwen. Se wienen yn Boalsert te swier en doe’t der twa grutte fraachtekens boppe it wat grize hier útriisden, sei Hylke Bruinsma noch mar ris gnizend: ‘Hoe lang komme jo no al by it keatsen?’
 
No lang genôch, al fan de tiid dat de amers mei wetter lâns de boppeline stienen mei dêr yn de learen ballen dy’t troch dat wetter swierder waarden. Logys, want it lear wêr’t se fan makke wienen naam al it wetter op. Foar de lange tommeneil fan Hotze Schuil wie ik gelokkich krekt te jong. It ferhaal is bekend, Hotze liet dy neil groeie om de bal te fernielen as dy him net oanstie. Op de PC-finale yn 1965 hie hy rúzje mei Tinus Santema oer de bal….te licht of te swier, dat is net mear te efterheljen.
 
Yn Wytmarsum stampte Arp Hiemstra mei hurde wyn de bal efter de boppe de grûn yn. Hy woe in oare bal want mei dizze bal koe syn opslagger net oer foarynse Robert van Wieren hinne en dy sloech alles fuort.
 
Oant sa fier it skiere ferline, it is mar goed dat der gjin bylden fan besteane want soks liicht of swetst wat minder maklik as dy bylden de ferhalen ûnderút helje soenen. As aktyf fuotballer wisten je wat de bal die, want je namen sa’n ding mei op bêd as jonge. It lear is út de fuotbal ferdwûn en de keatsballen binne tsjintwurdich ek fan keunststof. Dat moat dan 22 of 23 gram wêze, it nimt gjin wetter op dus hoe kin de iene bal dan swierder wêze as de oare? It is fansels noch altiten hânwurk mar dochs bliuwt it in riedsel.
 
In kenner sei dat de opslach fan Gert-Anne van der Bos of Tjisse Steenstra mei de bal fan hjoed hast net te slaan binne, sa fljocht dat spul. ‘Oanstreepje’ neamt Hylke Bruinsma dat en der binne mar in pear mei de technyk om se op tiid te reitsjen. Miskien moat der wol wat oan de bal gebeure en dat is gjin miening mar in idee. En dat is hiel wat oars.
 
Kaam lêsten in man tsjin dy’t geregeldwei nei keatswedstriden giet. Hy stapt it fjild op en jout him del. Altiten allinnich en altiten mei twa sigaren yn de bûse. Man hat in drokke baan en hat by de yngong fan it keatsfjild it gefoel as stapt hy fan de boat ôf op Skylge of Flylân. Alles falt fan him ôf en wat oerbliuwt is yn stilte geniete fan it spultsje. Hy hat gjin miening en giet nea yn diskúsje en sjocht fan elk minske de goede kanten. Fan sokken soenen der mear wêze moatte.
 

Balkearder10

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers