contact zoeken wedstrijden

Senioren Vrije formatie

23 augustus 2009 10:00
Makkum
Categorie Heren 2e klasse
Soort Vrije formatie
Vereniging KV MAKKUM
Scheidsrechter Hiemstra, S.
Wedstrijdsecretaris C. van der Weerdt
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

“37e Koninklijke Tichelaar partij yn Makkum”

It wie wer in moaie keatsdei yn Makkum op ‘Keatslân De Seize’. Der stienen 25 partoeren op list foar de KNKB senioren frije formaasje wedstriid. De priizen foar dizze partij waard oanbean troch ‘Koninklijke Aardewerk Tichelaar’ te Makkum.
Yn de heale finale stienen partoer 7 : Marius Grond, Sjoerd Teake Kooistra en Douwe Anema tsjin oer partoer 13: Jan-Dirk de Groot, Erik Haitsma en Eppie Weidenaar. It waard in spannende partij mei alles oan’e hang. Bij de lêste slach kearde Eppie Weidenaar de bal foar de keats. Troch syn aksje brocht hij syn partoer yn de finale. De oare finalist wie partoer 1: Jan-Brandt Wiersma, Hillebrand Visser en Jouke Bosje.
It wie in partij wer’t it publyk fan genietsje koe. It partoer fan Jan-Dirk de Groot wie ferbaal goed oanwêzich yn dizze partij. It partoer fan Jan-Brandt Wiersma en syn maten lieten har net der troch fan de wize bringe en wûn de partij mei in stand fan 5 – 3 6/2.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers