contact zoeken wedstrijden

Senioren Door elkaar loten combinatie met junioren

18 juli 2009 10:00
Goenga
Categorie Heren 2e klasse
Soort Door elkaar loten
Vereniging KF DE LEGE GEAEN
Scheidsrechter Houtsma, D.
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Sneon 18 july: Troch elkoar lotsjen senioaren/junioaren yn Goaiingea.

Mei njoggen partoer op ‘e list waard om in pear menuten oer tsienen de earste bal slein. De wedstriid stie ûnder de goede en oangename lieding fan skiedsrjochter Houtsma.
Fjouwer pleatslike favoriten hienen har oanmeld foar dizze partij, fan wa´t Sibe Wijbrandi spitich genôch krekt de finale miste. Neffens de stjoerlju oan ‘e kant hie dit net hoegd, syn maten lieten it taktysk en technysk raar sitte.
Yn ‘e finale wie it de degelikheid fan Marco Lautenbach dy’t de trochslach joech. Wis oan ‘e stuit, gjin bal sitte litte yn it achterperk en de maten te plak sette yn it field. Ja, fan Lautenbach ha jo it net samar wûn. Op 5-2 en 6-4 plofte de bal neist it perk fan de Amsterdammer en giene de blomkes mei de ôfslútdyk oer.

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers