contact zoeken wedstrijden

Pupillenjongens Door elkaar loten B + Herk

23 augustus 2015 10:00
Mantgum
Categorie Pupillenjongens KNKB
Soort Door elkaar loten
Vereniging KF JACOB KLAVER
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Om 10.00 alle partoeren yn'e B-klasse fjild los. In prachtich gesicht, in fjild fol enthousiaste pupillen jonges. Troch twa ofsizzers moast der wat bylotte wurde, dertroch foel der ien partoer of. Der bleaunen dertroch noch 23 oer en dy hienen der stik foar stik sin oan. Dat koenen je sjen.
Moaie keatserij, de iene partij spannender as de oare, mar úteindlik wol trije kear 5 - 5 6 - 6. De wyn spile wol parten op it sportfjild fan KF Jacob Klaver. De jonges dy't de bal derfoar halde koenen wienen al healwei de oerwinning. Yn'e finale hienen ek beide partoeren hjir lest fan. It oantal fouten like ergens hast gelyk te wezen, want de partij eindige op 5 - 5 en 6 - 6. Helaas waard disse partij ek eindige mei in bútenslach. Skande, want de jonges hienen de hiele dei sa moai keatst.
Eindsjebeslút in hiel moaie dei. Enthousiaste jonges, earlikhyd boppe alles, flot wer op it fjild en sin om te keatsen. In moaie wedstryd om te sjen én om te organisearjen.

Útslach:
1e: Sil van der Geest, Wijnaldum en Leon Wijning, Sint Annaparochie
2e: Justin de Vries, Hallum en Wiebe Siemen Leenstra, Hilaard
3e: Wesley van der Vaart, St Jacobiparochie en Werner Iedema, Menaam

1e ferl: Dietmer Kuperus, Bolsward en Geert Reitsma, Baard
2e ferl: Jan Johannes van der Kamp, Nijland en Rutger Kumbangsila, Dronryp
3e ferl: Jesse Schouten, Stiens en Pascal Poelstra, Winsum

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers