contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (107) Stijl

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Eindelik die opslagger Johannes van der Veen de suterige jas fan byrider út yn Menaam. Al jierren is hy kwa stijl ien fan de moaiste opslaggers, hy makket neffens it boekje de opslach ôf. Mar faak dy suterige jas fan ien omloop en as it trof twa omlopen wylst ûnder dy jas klean sitte dy’t de nije kening Charles fan Ingelân ek passe soenen.
 
Johannes docht kwa stijl tinken oan de opslachfamylje fan Hessel Postma fan Winsum. Lambert Postma fan Blessum is de namme, de tengere opslagger dy’t sa sierlik yn de jierren tachtich fan de foarige iuw de bal nei it perk bringe koe. Of in generaasje letter Klaas Berkepas, ek in opslagger dy’t de beweging sa moai ôfmakke.
 
Net dat de mannen yn it giel no ynienen de ‘Goddelijke kanaries’ – de bynamme fan foetballân Brazilië - neamd wurde meie, mar foar it keatsen is it wol moai. Hie net tocht dat Jorn-Lars van Beem sa gau de stap meitsje soe ek al moat hy neffens Johannes noch wol wat yn ‘e stokken hâlden wurde. It haadstik fan de ‘getemde jeugd’ dus en wat dat oanbelanget kinne je fan Menaam sizze dat de jeugd it oernaam hat yn in moderne jas.
 
Nei jierren in fatsoenlik ûnderkommen foar de minsken fan de media. Tocht earst dat de twa partytinten ornearre wienen foar wa’t in taffeltsje nedich hienen om wat op te skriuwen. Nee dus, no stienen de partytinten der as lege tempels, twa tempels as skild tsjin de sinne. De wachters fan it skaad dy’t healweis de middei al sûnder wurk sieten. Krige sels in read bandsje om ‘e pols, ‘Oars kinne jo neat oan de bar krije’ sa waard sein.
 
No wat dy bar yn de feesttinte oanbelanget ha ik keatser Jurrit Osinga fan Ingelum en syn maten mar foar gean litten en dat lieten dy mannen harren gjin twa kear sizze. In storein fan bier beitele yn it inkelde wolkje dat foarby kaam de tekst fan de Dútske Schlager ‘Schön ist die Jugendzeit’ wylst it grize laach der omhinne it dwaan moast mei ‘Das war einmal’.  Moai sokke mannen, se wienen al betiid begûn en ik tink dat se it donker fan de jûn net mear sjoen ha. Moarn wer betiid no?
 
Frege Taeke noch even wat, dat koe noch krekt ear’t it donker waard. Want fiif punten pakke yn ien wykein is net neat fansels. Taeke skatte sels yn dat hy nei dy earste priis yn Littens sa’n fjirtich kear in fraach oer punten beantwurdzje moast. Dus wy ha ôfsprutsen it wer oer punten te ha as hy Hotze Schuil foarby wie yn punten. Want dat is ek net neat fansels.
 
Taeke hat noch altiten in moaie stijl, hy hoecht se net op hichte en ferlieze fan in partoer wêr’t sy mei trene falt by him noch altiten like min as fytse op snein foar in griffermearde dûmny hûndert jier lyn yn Berltsum. En yn Berltsum koenen spits Hessel Postma, keeper Wytze Wassenaar en spits Thomas Dijkstra sneons kampioen wurde yn ‘e tredde klasse B. Spits Hessel wie the man of the match mei twa goals en in indirekte assist en hy mocht mei in bosk blommen fan it fjild ôf as linksback. Fan spits nei linksback, dat wie te fergelykjen mei Johannes healweis de finale yn Menaam balkeare litte.
 
Hearde yn Berltsum in soad ‘roddel’, ferhalen fan ien kant dus, of wierheden dy’t net nei te gean wienen. Oer hoe’t it no komt mei it partoer fan Marten Bergsma en dus oer de blessuere fan Dylan Drent, oer it opskowen fan de twadde ‘cyclus’ by de mannen, oer it ophâlden fan toppers by de froulju no’t it allegearre wat oars wurden is mei de keatsaginda. Hessel wie sneons noch net belle mar hy stiet der altiten iepen foar. Oer Dylan waard ek fan alles sein, sûnder dat je dat alles sa mar oannimme kinne.
 
Dylan sels hat it gefoel dat hy te lang oan it medise ‘lijntsje’ hâlden is, dat de dokters miskien te faak en miskien te gau sein ha fan ‘Een spuit er in’. No krijt hy yn juny in mri-skan. No kinne je wol roppe en raze, en dat wurdt fêst dien, dat it allegearre wol wat earder kinnen hie. Mar as je der wat oer sizze of skriuwe wolle, dan is him sels freegje de koartste klap. Mar betink dan wol dat Dylan as hovenier selsstannich ûndernimmer is, in zzp’er dy’t der net sa mar even seis of sân wiken útstappe kin yn de syktewet. Dat moat wol betelle wurde, en de duobaan fan foetballer by Zeerobben sizze je ek sa mar net op fansels.
 
En sa binne wy wer by it begjin, by de moaie stijl fan Johannes en de oare betsjutting fan in moaie stijl. Want stijl hat ek te krijen mei hoeden omgean mei wat je te hearren krije oer allegearre keatssaken en oare bysaken. Witte wat je net opskriuwe moatte hat ek mei Stijl mei in haadletter te krijen of je kinne it ek oars sizze. Tink dan oan dy biljerter dy’t tsjin in oare biljerter sei: ‘Weet je wat het verschil is tussen ons?Jij duwt met een stok tegen een bal aan, en ik biljart.’ Mar beiden tinke dat se biljerte.
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers