contact zoeken wedstrijden

Balkearder (124) Kening

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Yn it fiere ferline wie der in fuotballer dy’t yn myn tinzen sawat om de wike de skouder út de kom hie. It wie as fuotballer in mich dy’t net altiten yn ‘e basis stie. De wittenskip rûnom it minsklik lichem stie noch net iens yn ‘e berneskuon. Dus dy fuotballer gie dan yn in wedstriid even nei de kant sei ‘Kinstû him der wer even yntriuwe?’ Dat barde dan en de mich spile wer fierder as wie der neat oan ‘e hân.
 
In wûnder yn it ramt fan de medise wittenskip fan no. De dokter op internet seit dat je op syn minst trije moanne rêst nimme moatte en net elkenien kin dat skouder samar werom sette. In ferhaal dat hiel yn de fierte te meitsjen hat mei de grutte pechfûgel fan dit wykein. Dylan Drent dus, dy’t yn ‘e twadde omloop útfalle moast fanwege dat skouder dat út de kom fleach. As je wat gefoel foar sport ha en dan betinke wat in sporter as Dylan der foar dien hat om werom te kommen, dan wurde je der stil fan, dan gûle je ynwindich mei him mei.
 
Roppe dat it keatsjier foar him foarby is, kin altiten noch en yn soks klinkt altiten as in echo de ûndertoan fan ‘leedvermaak’. De ien seit fan dat hy te betiid wer begûn is en wat revalidaasje oanbelanget hat dyjinge rjocht fan praten. Want, sa seit de keatser, as je twa jier revalidaasje achter de kiezzen ha, dan giet soks nea wer út de holle. De oar seit dat it keatsjier foar Dylan foarby is en litte wy hoopje dat dit te somber is. Want it keatsen hat mannen as Dylan nedich, keatsers mei fjoer dy’t it bêd fan de keatsarena opskodzje kin.
 
Oer opskodzjen sprutsen, miskien wurdt it hast tiid de strânstuollen fan de byldredaksje yn Grins op te skodzjen. No ha dy de stoel gemaksuchtich, gjin interesse ek, op de leegste stân. In fotograaf is minstens in pear oeren dwaande om it juste plaatsje te sjitten en wat komt yn de krante? De ferplichte ‘elftalfoto’ krekt as ferline jier sa faak. Trije keatsers dy’t elkoar nei de winst lokwinskje. Ek ferline jier al de flok fan Grinzers as einredaksje. Stel dat je elke kear as sc Heerenveen it wint der elke kear in elftalfoto by sette? Dan wie it sporthûs krante gau te lyts.
 
De stap fan lyts nei ‘zonder echte overtuiging’ is dan gau makke want dat ‘zonder overtuiging’ ha ik sels opskreaun. En dan giet it oer lytse keatsen. Tjisse sei snein ‘It spul begjint altiten hjir’ en wy stienen op hichte fan it opslachfak. It winnende partoer fan Tjisse hat in dûbelloopsgewear mei twa foarbêstopslaggers. Dat is de basis dy’t der foar soargje moat dat de tsjinstanner gjin grutte keatsen slaan kin.
 
Tink dat der fan de tsien keatsen yn de finale heechút twa op hichte fan it opslachfak leinen. De rest fan dy keatsen kaam net fierder as tsien meter of koarter. As de ‘overtuiging’ der is, dan pakke je elke lytse keats, yn it fuotbal hjit soks ôfmeitsje. It wurk fan in izersterke opslach yn it perk ôfmeitsje. En just dat barde te min. Fansels, it wie allegearre noch wat wennen sa’n earste kear. Tjisse joech sels ta dat it ek wer wennen wie achteryn, hy hie krekt te folle kwea. Mar wol de punten pakke op 4-4 en dan mei 6-4 nei it perk.
 

By de ‘overtuiging’ fan in fotograaf is dat net oars. Je moatte it sjen, der each foar ha. Niks yn it neidiel fan oaren, mar Henk Bootsma hat dat gefoel omdat hy hast op it keatsfjild wennet. Hy wit by in bepaalde foto as in soarte fan siderûp de triedsjes oan elkoar te reauwen, mar je moatte it fansels al sjen en faak hat dat mar sydlings mei it keatsen te meitsjen.
 
Henk wist wa’t dy brede man wie mei burd op de bolwurken rûnom It Sjûkelân doe’t hy sneon dy foto makke. Hy stiet neist in fyts mei foarop in hiel âld wyfke. De man naam de muoite it bolwurk op te fytsen, en even nei it keatsen sjen. De âlde frou seach foar har út, wachtsjend op it momint dat dy fyts wer yn beweging komme soe, miskien wie it de mem. Ferbyn dy tried fan dat byld no ris as in siderûp mei it PC-jier 1988. En de tried nei de tiid fan no hat as einstasjon Tunno Schurer. Hy mocht snein de prizen útrikke, de krânsen omhingje. Ien fan de âlderbêste achterynsen aller tiden dy’t ik ea sjoen ha. Op it bolwurk dy man mei dat burd, en fotograaf Henk wist dat dit Hotze Rusticus wie. Yn de PC-finale fan 1988 de tsjinstanner fan Tunno.
 
In finale tusken Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Hotze Rusticus oan de iene kant en Peter Rinia, Johannes Brandsma en Tunno Schurer oan de oare kant. It is 5-5 en 4-4 as Tunno in platte bal jout. ‘Foar’ ropt Piet Jetze. ‘Yn’ seit de karmaster en tritich jier letter sille bylden Piet Jetze gelyk jaan. Tritich sentimeter foar, it wurdt dus 6-4 en Piet Jetze is tsjin syn gewoante yn sa lulk dat hy stapt eins te betiid wer foaryn. De folgjende bal slacht hy kwea.
 
By winst wie Hotze kening fan de PC wurden, dêr wie elk it doe oer iens…
En 36 jier letter hinget de kening fan 1988 de feestelike krânsen om de nekke fan de winners, wylst de oar, nim ik oan, as mantelsoarger mei syn mem in eintsje te fytsen is. Mei it libben as karmaster op de foarline fan dit wykein keatsen yn Frjentsjer kinne je sizze dat Hotze Rusticus sûnder dat hy it woe dochs noch de kening fan dit wykein wie. Kening sûnder krânse as je mei je eigen mem út fytsen geane. Dan meitsje je as mins fan je eigen libben in krânse, yn tsinst fan de leafde en soarch.

FotBalkearder110

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers