contact zoeken wedstrijden

Willem van der Meulen wie no 88 jier en die ek wer mei by 55+ yn de Trije.

Op 24 oktober 2012 wienen 114 keatsers nei Frjentsjer ta setten en om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de list. Piet Keizer hie wer lotte en Minne Soepboer hie de wedstrydlieding.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Oeds Broersma, Doeke Bruinsma (debutant), Jan Wagenaar en Hillebrand Schuurmans.

Foppe de Vries giet wer de goeie kant út , mar is d’r noch net. Willem van der Meulen is ferline wike tongersdei 88 jier wurden en die hjoed wer mei. It is no syn 15e kear dit jier. Fanwegen tiidkrapte moast men de lêste partij begjinne mei 2-2. Om 16.00 oere foel de lêste slach by de partoeren 113 en 114. Op de stân 5-5 (6-2) moast Koop Scholten fan partoer 114 opslaan mei in keats fan sa’n 17 meter en hy brocht de bal foaryn by Jelle Goudberg. Dy sloeg goed út, mar Koop Scholten koe werom slaan. Dernei hie Tjerk Jorritsma fan partoer 113 it lêste wurd en sloeg nei in stuitsje de keats dochs noch krekt foarby.
Sjirk Overal wûn ien kear en bliuwt earste yn it Klassemint, no mei 45 punten. Sjoerd Nicolai wûn 3x en is twadde wurden mei 41 punten. Auke Kuiken wûn 2x en is no tredde mei 40 punten. D’r wienen noch al wat keatsers, dy it jammer fûnen, dat de lêste partij mei 2-2 begjinne moast en derom brocht Piet Bosgraaf it Kommisjefoarstel nei foar. As men by de lêste partij om 16.30 oere noch net út is, dan is de stân om 16.30 oere bepalend. Is de stân dan lyk, dan mei men noch ien slach dwaan en dat bepaald de winner. De oanwêzige keatsers yn de kantine koenen sich der wol yn fine. Dernei rikte Piet om 16.35 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer 14 dagen geane de 55plussers op woansdei 21 november 2012 opnij nei de Trije yn Frjentsjer.
A-klasse : 1e. Oeds Broersma, Wytmarsum. 2e. Andries Idzerda, Goutum. 3e. Johan van der Veen, Oentsjerk.
B-klasse: 1e. Doeke Bruinsma, Skalsum. 2e. Eeltsje Wiersma, Berltsum. 3e. Bart Leemburg, Wolvegea. 4e. Andries Gillebaard, It Hearrenfean. 5e. Joop Wortman, De Jouwer. 6e. Jouke Punter, Wommels. 7e. Jelle Velsma, Tsjummearum.
C-klasse: 1e. Hillebrand Schuurmans, Boalsert. 2e. Jaap Nieuwenburg, Harns. 3e. Sjoerd Nicolai, Wytmarsum. 4e. Bouke Jousma, Menaam.
D-klasse: 1e. Jan Wagenaar, Winsum. 2e. Sipke Wiersma, St. Jabik.

nov

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers