contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ wedstrijden op 1 september 2010

De 55+ keatste yn Snits.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Jan van der Vlugt, Sjirk Overal, Geert Hoekstra en Jelle Goudberg. Ferline woansdei 1 septimber wienen de 55plussers te gast by de keatsferiening “Sneek” op Sportpark Schuttersveld. It begong om 10.00 oere mei de earste 48 keatsers fan de 90 op de list, krekt lyk as ferline jier en de manlju fan Snits hienen it ek wer goed foar elkoar, mei stipe fan de 55+ kommisje. It wie aldergelokst moai keatswaar, net folle wyn, in soad sinne tusken de wolken en in temperatuur fan sa’n 18 graden, yn tsjinstelling oant oare jierren, mei in soad wyn en reinwetter der yn Snits op de romte. Mar ja, wy hienen de lêste wiken ek al oeral tefolle reinwetter hawn. De partoeren 87 en 88 wienen dien om 16.30 oere. Op de stân 2-5 (2-6) moast Jelle Goudberg fan partoer 88 opslaan. Simon Grijpstra fan partoer 87 sloeg de bal kwea út en dermei wûn Jelle Goudberg de krâns yn de B-klasse. Piet Bosgraaf koe om 16.50 oere de rykelik fulde tassen mei libbensmiddels útrikke oan de keatsers, dy 18 punten of mear hienen. Dan kinne jo goed sjen, dat jo de Supermerk mei de haadfestiging yn Snits ek as bêste stiper hawwe. De meikommende froulju en de twa manlju fan de betsjinning krigen noch in blomke. Fierders krige Hendrik Weiland út Koarnjum in medalje as bêste yn 2009 en Sjirk Overal in keatser-stanbyld (yn’t lyts) as bêste fan dit jier yn Snits. Sjirk Overal hie ferline jier ek al de krâns yn de C-klasse. Nije wike woansdei (8 septimber) geane de 55-plussers wer op Sonnenborgh keatsen. A-klasse (3x wûn): 1e. Geert Hoekstra, Joure. 2e. Oeds de Roos, Menaam. 3e. Jan Veenstra, Apeldoorn. B-klasse (3x wûn): 1e. Jelle Goudberg, Frjenstjer. 2e. Tomm Twerda, Putten. 3e. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. C-klasse (3x wûn): 1e. Sjirk Overal, Oldebroek. 2e. Sjoerd Nicolai, Wytmarsum. 3e. Jappie Boersma, Snits. 4e. Wiep Hasz, Dronryp. D-klasse (3x wûn): 1e. Jan van der Vlugt, It Hearrenfean. 2e. Hein Palsma, Seisbierrum. 3e. Anne Sybesma, Akkrum. 4e. Hendrik Weiland, Koarnjum.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers