contact zoeken wedstrijden

Opbringst keatsmarathon Goaiingea útrikke

Sneon 6 septimber op ‘e ôfslutende keatspartij fan keats feriening ‘De Lege Geaen’ hat Tjitze Wallinga nammes stifting Sviatoslav op it keatsfjild te Goaiingea in cheque ter wearde fan €1000 yn ûntfangst naam.

Dit bedrach is yn ‘e rin fan de keatsmaraton ‘30 jierich jubileum = 30 oeren keatsen’ byinoar keatst. It jild wurdt brûkt om siike bern ut Sint Petersburg te helpen. Tjitze Wallinga sei tige wiis te wêzen mei dizze aksje en betanke elkenien dy’t meiholpen hat it jild byinoer te keatsen.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers