contact zoeken wedstrijden

Sneon 13 september de 59ste Lytse PC yn Mantgum

Doe’t nei 1945 de grutte wrâldkriich foarby wie, naam it deistich libben yn ús omkriten wer syn âlde foarmen oan. Der moast wer keatst wurde!

In pear Mantgumer boeren stutsen de koppen by inoar om in bysûndere keatspartij yn it libben te roppen. In keatspartij foar de leafhawwers, foar de wrotters en foar de trochsetters. In keatspartij foar mannen dy’t krekt net it nivo fan de haadklasse hellen, mar dy’t wol elke wike de Fryske doarpen ôffleinen foar it spultsje mei bal en mof. Sa as it doe nei 1945 opsetten is, sa is it no noch. Wat de Frjentsjerter PC is foar de haadklasse keatsers dat is de Lytse PC yn Mantgum foar de keatsers yn de Earste Klasse. In bysûndere partij, mei troch de tiid hinne bysûndere prizen. Sa hinget by Hindrik Gjaltema yn Skalsum noch altiten de koekoeksklok oan de muorre as bewiis fan syn oerwinning op de Lytse PC fan 1964. Mar de Lytse PC is net allinnich bysûnder troch syn prizen, ek troch syn winners. Gauris wienen it keatsers dy’t letter namme makken yn it grutte spul. Tink oan mannen as Sake Saakstra, Germ Okkinga, Coos Veltman, Jacob Wassenaar, Cornelis Terpstra en Rutmer van der Meer. Bysûnder is de partij de leste jierren troch de útrikking fan de Janse Bokaal. In supporterspriis ynstelt troch de keatsers sels en dy’t útrikt wurdt oan in trouwe besiker fan harren wedstriden. Moai is ek de manier werop ôfskie nimmende keatsers de lêste jierren dizze dei yn it sinsje setten wurde. Tasprutsen troch ien fan de keatsers wurde hichte en djiptepunten yn harren karriêre noch efkes oanhelle. Piet Zondervan, haadbesjoerslid fan de KNKB, sil dizze dei de prizen fan it jierklassemint 1e klasse útrikke. Net bysûnder mar earder ferneamd is it feest nei ôfrin. Want de Lytse PC is ek de útsetter fan it keatseizoen. Noch ien kear wurdt it lichem skrep setten en alles op alles setten. Dêrnei kin de mof yn it fet oant de oare maaitiid. Nei ôfrin is it tiid foar ôfskie en feest. Dizze kear mei de ûndertusken yllústere JELLE B. In muzikant dy’t yn koarte tiid syn namme festige hat as ien dy’t de hiele keet op ‘e kop set. De tagong ta sawol it keatsen as it feest nei ôfrin fan de priisútrikking is fergees. Topkeatsen sjen, in grandioas feest meibelibje: dan net stinne en gean op sneon 13 septimber nei Mantgum.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers