contact zoeken wedstrijden

Sipke Wiersma, sawat 87 jier, de krâns om by de 55+.

Sipke, mei syn moai polsslagje, slacht de ballen noch moai fier fuort en by eltse slach komt wol in ferhaaltsje, begelyks "dat wie in prachtbal". D'r wienen no wer 102 keatsers nei Frjentsjer takommen.

Foto: De priiswinners mei de krâns, flnr.: Germ Hallema, Jurjen Tiesnitsch, Sipke Wiersma en Bart Limburg.

Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de list. Foppe de Vries hie ferline tongersdei yn it MCL in nije heup krigen en wie sneon al wer thúskommen. Fierstente gou neffens Foppe, want hy hie noch wol efkes by de susters bliuwe wolt, mar hy joech al gou ta, dat hy it by Wietske ek tige goed nei it sin hat. Dus ynkoarten komt hy wol wer by de 55+.

Piet Keizer hie wer lotte mei in D-klasse d'rby mei 4 partoeren. Dizze dei hie Piet keizer ek de wedstrydlieding en dat gong hartstikke goed. Allinnich foel de lêste slach pas om 16.40 oere by de partoeren 99 en 100, op de stân fan 5-5 (6-4). Oars hienen sy om 16.30 oere stopje moatten, mar fan it Behear mochten hja de 2 lêste partijen (ek 101 en 102) noch ôfmeitsje. Sjirk Overal wûn 1x en is earste bleaun yn it klassemint mei 49 punten. Syn neiste konkurrent, Jan Feenstra wûn 2x is is no op 46 punten kommen.

Piet Bosgraaf rikte earst de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen en dernei frege hy de keatsers om de oare keren wat mear oan de tiid te tinken, sadat it keatsen wol om 16.30 oere dien wêze kin. Oer 2 wike, op 26 november, geane de 55-plussers op 'e nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse: 1. Jurjen Tiesnitsch, Westhoek. 2. Hans Hilarides, St. Jabik. 3. Ale Mosselman, Goutum. 4. Oeds de Roos, Menaam. 5. Jan Houwer, Boalsert (20-12).

B-klasse: 1. Germ Hallema, Jorwert. 2. Gerrit Otter, Goutum. 3. Bert Veldman, Boalsert. 4. Johannes van der Ploeg, Frjentsjer. 5. Jelle Goudberg, Frjentsjer. 6. Lammert Miedema, Diemen.

C-klasse: 1. Bart Limburg, Wolvegea. 2. Pieter Bergsma, Gytsjerk. 3. Marten Bergsma, Reduzum.

D-klasse: 1. Sipke Wiersma, St, Jabik.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers