contact zoeken wedstrijden

De 55+ foar it earst te gast yn Froubuurt.

Op 3 july hienen in 7-tal frijwilligers soarge, dat it hiel goed foar mekoar wie yn Froubuorren. De 8 perken op it fjild fan de iisbaan leinen d’r hartstikke moai by en ek yn de kantine koenen jo fan alles krije.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Marten Bergsma, Harke Anema en Henk Porte.

De 84 keatsers hoegden oer it waar ek net te kleien, want útsein in pear spatsjes bliuw it droech. De sinne liet him net sjen en dat wie mar better ek, want de temperatuur wie mei sa’n 19 graden heech genôch. Boppedat lei it fjild dêr hartstikke moai yn de lijte.
Om 10.00 oere wie it begongen en om 16.25 oere foel de lêste slach by de partoeren 83 en 84. Op de stân 5-5 (6-2) moast Andries Gillebaard fan partoer 84 opslaan mei in keats fan om en naby 17 meter en hy pleatste de bal efteryn by Joost Schaap. Dy sloech de keats fier foarby en hjirmei helle syn maat Gerrit Winkel de fiifde priis. Oeds Broersma en Hilbrand Schuurmans wienen de klassemintslieders mei 22 punten. Oeds ferlear no 3x en Hilbrand is no nei 2x winst de lieder mei 24 punten. Dernei komme 3 efterfolgers mei 22 punten. Om 16.45 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Nije wike (!) op 10 july geane de 55plussers wer nei Sonnenborgh en op 24 july is de 55+ PC yn Balk. Yn Balk is it de 15e kear en is d’r foar eltsenien in priis (!).

A-klasse : 1. Henk Porte, Ljouwert. 2. Bertus de Jong, Ljouwert. 3. Hepke Hiemstra, Grou.
B-klasse: 1. Harke Anema, Wytmarsum. 2. Eeltsje Wiersma, Berltsum. 3. Auke Kuiken, St. Jabik. 4. Gooitzen Roorda, Froubuurt. 5. Gerrit Winkel, St. Anne.
C-klasse: 1. Marten Bergsma, Reduzum. 2. Piet Keizer, St. Anne. 3. Martinus van der Meer, Wytmarsum. 4. Sipke Wiersma, St. Jabik. 5. Jan Hoekstra, Gytsjerk (20-15).

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers