contact zoeken wedstrijden

De Keatssite Column (2010-21), Op nei it nije jier

It is dien. It seisoen sit der op. Juster ha wy mei syn allen noch efkes nei Ljouwert west. It wie ommers Oldehove-party?

Aldergelokst wiene der mear minsken dy’t dizze dei yn’e aginda hiene. Wat soene jo oars ek al útfine op sa’n reinige sneinoerdei? Want dat wie it: in suterige, reinige, kâlde, trieste bedoening. Yn’e parsetinte koene wy de fingers mar amper waarm hâlde oan’e kofje. En om’t ús hiele brot wietreinde, lutsen wy it taffeltsje nei achteren en seagen doe fansels oars net as de rânen fan ús tintsje. Mar goed, dêr koe net in mins wat oan dwaan, sa wie it. De tribunens, dêr sieten noch wol wat minsken op en yn’e konsumpsjetinte woene ek noch wol guon stean. Dat it tal besikers wie net iens sa min. Der waard ôfskied naam, dêr op dat kâlde Sonnenborgh, fan in fjouwertal keatsers. De iene wat grutter yn formaat en prestaasjes as de oare, de iene ek mei in gâns langere karrière as de oare, mar allegearre mei blommen en applaus fan it fjild. Blommen wiene der ek foar de klassementswinners Gert Anne van der Bos en Sjoukje Visser. Sy toanden har it hiele seisoen lang sterk en waarden dêr, tradisjoneel, op’e Oldehove foar huldige. Feest dus, ek al reinde it as de sykte. Botte sfearfol wie it dan ek net, dêr yn Ljouwert. De Oldehovekapel die wol wakker alle war om de fleur der yn te krijen, mar it publyk siet skrousk ûnder’e paraplu en yn’e tribunes, de kâld en akelich om entûsjast te wurden. En doe wie it dus dien mei de keatserij. Wy meitsje ús op foar in lang hjerst- en winterskoft, wêryn’t wy elkoar as keatsleafhawwers mar amper sjen sille, of it moat al by it muorrekeatsen wêze. Mar safier is it noch net, dat Fryslân dêr waarm foar rint, it seisoen is nammers lang genôch? Wat bart der dan, sa’n hiele winter? De keatsers sille earst wol efkes frijwielje wolle, mar it duorret mar efkes, dan wurde de trenings yn’e seal wer oppakt. It fuottewurk en reaksjefermogen oefenje by it muorrekeatsen en faaks ek noch wat oare sporten dwaan. Fuotbalje, bokse, hânbalje, samar wat fan dy sporten dy’t in sportman de winter wol trochhelpe. Faaks wurdt der ek neitocht oer de tarieding op it nije seisoen. Dogge wy itselde as oare jierren, of besykje wy ris hiel wat oars? Heakje wy oan by de keatsakademy? Folgje wy de ideeën fan Tjalling van den Berg, of bliuwe wy op it âlde spoar fierder wurkjen? Neffens ús nije keatsgoeroe is it tiid foar fernijïng. “Verander de pas”, soe ús heit wol sizze. Stoart jim in winter lang yn de mentale aspekten fan it spultsje, of gean ris oars om mei jim lichem. Balanstrening skynt in goeie saak te wêzen, sjochris by de reedriders oer it muorke. Koartom, draaf net domwei achter it baltsje oan, mar tink ris nei oer jim sport. Net allinnich de haadklasse mânlju en froulju, mar just ek de jongerein. En wat te tinken fan de keatsbestjoerders? Wêr moatte dy har dizze winter mei dwaande hâlde? Ek ris fan it bewende paad ôfstappe en in oare rjochting ynslaan? Gewoan dingen feroarje en takom jier fris fan’e lever it fjild wer yn? In nije foarsitter, mar faaks ek in nije keatsaginda? Wurdt it wat, of bliuwt it by praten allinnich? Wurdt der in slach makke, of ferdwine alle ideeën fan bûtenôf yn in laad, mei de wurden “it hat ús oandacht”? Wy sille sjen. Yn’e Wis In besykje wy jo op’e hichte te hâlden. Sykje oars ek ris kontakt mei ús, as jim it oars sjen of lêze wolle, wy bite net en wolle ek noch wolris lústerje. Dêrom set ik no myn e-mail hjir mar ris ûnder, ik ferwachtsje net oars as jo reaksje. Martsje de Jong

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers