contact zoeken wedstrijden

De Keatssite Column (2010-13); It komt der op oan

Arum hat west! Meastentiids ít mjitmoment foar de PC: ommers, wa’t Arum wint kin de PC net winne?

No ja, sa is it net altyd gien fansels, Arum en de PC binne ek wolris troch itselde partoer wûn, mar der ha mear jierren west dat de sterksten fan Arum de schlemiel (is dêr in knap Frysk wurd foar) fan Frjentsjer waarden. Wat dat oanbelanget sjocht it der net bêst út foar Gert Anne, Taeke en Daniel. Se lykje ommers net te bekeatsen, de lêste wiken. Fan’e acht frije formaasjepartijen, kamen de mannen seis kear mei de krânse thús. Sa is it malêze en sa ha jo alle wiken farske blommen oan’e muorre… Yn Minnertsgea wie it efkes mis: Martijn Olijnsma en syn maten stutsen de mannen nei de kroan. In trochdewykse misser? No ja, feit wol: Gert Anne-en-dy ha Arum wûn en soene dus neffens tradysje, mei sa’n knappe generale, de útfiering op it Sjûkelân fernaggelje moatte. It is net te hoopjen foar dy jonges. Gelokkich foar harren is it wer sa’n healwiis jier, dat de PC earst yn augustus keatst wurdt en dus Wytmarsum’ merke der ek noch foar sit. Oare jierren ít plak dêr’t de farsk-wiksele partoeren foar it earst yn nije gearstalling yn it fjild komme. It plak ek, dêr’t om ien as oare reden faak de keatser, dy’t slachtoffer waard fan de partoerwiksels, mei de keningspriis nei hûs giet. It barde Douwe Groenendijk in jiermannich lyn: troch syn maten oan’e kant set, op’e PC net lekker keatst en yn Wytmarsum net te hâlden. En dat foar in Penjumer. Mar klear, Wytmarsum hat fan’t jier de eare de generale rippetysje foar de PC organisearje te meien, dat ik bin benijd wat der nije wike snein bart. Wa soe der winne? Soe de ‘regel fan Arum’ ek opgean foar Wytmarsum? Yn dat gefal soe’k my, as ik Gert Anne wie, der yn’e earste omloop ôfreagje litte. Foar safier at keatsers lêst hawwe fan byleauwigens, moatte se soks bileaven net oan it tafal oerlitte. Hoe soe soks eins gean mei reade kaarten, dat wykein foar de PC? Stel, Rutmer mient wer dat er Frank Rijkaard is, of in Lama, dat is al wakker itselde, en hy flibet in tsjinstanner yn’e nekke? Noch knap, as jo betinke dat Rutmer mikte op Martijn Olijnsma, dy’t de twa meter mear as hellet; in spultsje fan Pinkeltje en Grutte Pier! Mar, stel, hy spuit wer en kriget dêrfoar in kaart: soe hy de PC misse moatte? Of mei er yn berop gean? En Herman Sprik, dy’t faaks yn eigen doarp syn frustraasjes wer net baas is en begjint te sangerjen en te sûgjen by syn opponinten? It koe noch wolris in keale boel wurde dan, op it Sjûkelân. Wurdt der dan bylotte? Komt der dochs wer in “oudgediende” foar it ljocht? It binne saken dy’t ik my ôffreegje yn dizze lêste wike foar de PC. Hoe soe it komme fan’t jier? Yn alle gefallen bin ik der sels wer by. Sa as ferline jier, dat ik dêr lykme allinnich yn’e bosken fan Appelskea siet te foeterjen, dat bart my net wer. Kaarten ha’k ek al, dat dêr kin it net oan lizze. No is dêr noch flot oan te kommen hear: ûnfoarstelber wat him der op’e “swarte merk” noch ôfspilet. Withoefolle minsken freegje noch om (tribune)kaarten en minstens safolle minsken roppe dat se kaarten oer ha. Wêrom bestelle dy lju dan safolle, freegje ik my ôf. Hoe wurket dy ferkeap eins, want soms liket it wol as binne it altyd deselden dy’t kaarten oer en tefolle hawwe. Moarns by de yngong fan it Sjûkelân steane noch minsken dy’t kaarten ha wolle. En meastentiids komt it wol klear en sjogge jo dyselde minsken letter werom op’e Bogt en noch wer letter yn’e Bogt. Spanning yn’t foar: kom ik oan kaarten, en, wat bringt dizze dei my? It rûzjen fan de mannichte by sitballen, boppeslaggen en missers, it galmjen fan it Fryske Folksliet, de Swellesturten fan de PC-leden, de preek fan Jehannes Westra dit kear, ik sit der no al fol fan. Spitich dat dan ien kear yn’e safolle jier Wytmarsum der earst noch foar moat. Arum hat ommers west, wy binne der klear foar! Ferhip, nóch in wike geduld dwaan… Martsje de Jong

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers