contact zoeken wedstrijden

De Keatssite Column (2010-10), Keatsen is moai wurk!

Keatsend Fryslân riget op’t heden it iene hichtepunt oan it oare. Alle kategorieën spylje harren eigen NK, de Masters binne wer ferkeatst en ek de Jong Fammen ha yn’e greide west.

Yn in koart skoftsje tiid rûgelje de grutte partijen by ús del. Sa hurd, dat wy it mar amper mear folgje kinne. Dizze webside docht in aardige poging om ús omloop nei omloop by te praten. Útslaggen wurde melden, ferliezers en winners foar de kamera sleept om harren ferhaal te dwaan. Alles online, sa’t elk op’e hichte bliuwe kin. Prachtich, want foar oare media yn ús provinsje is it spitigernôch net helber om soks te realisearjen. Lykwols: troch al dy prachtige en och sa wichtige wedstriden op in klútsje, sjogge wy troch de beammen it bosk net mear. De berjochten folgje elkoar sa snel op, dat it amper te folgjen is. En dan ha’k it noch net iens oer al dy ‘oare’ nijtsjes, dy’t tusken de bedriuwen troch ek noch ferwurke wurde moatte. Ek troch ús as lêzers. Moaie sport hear, dat keatsen, mar kinne dy hichtepunten ek wat útelkoar lutsen wurde? It jout al sa’n apart gefoel: de NK’s ha west, mei in pear wike komme de PC, Freule, Ald Meiers en Jong Feinten noch op ús ta en dan? Al wer in keatsseizoen fierhinne oan ein. Je soene der mankelyk fan wurde. Time flies, when you’re having fun, sil ik dan mar sizze. En Fun dat is it hear. Poeh. Foar fjirtjin dagen werom foelen wy massal oer Taeke Triemstra hinne: hy keas foar Gert-Anne en Daniël. Net botte sjarmant, mar oan’e oare kant: as jo tinke dat jo it better krije kinne, dan moatte jo dat dwaan. Sa hat it altyd west. Yn it deistich libben en al hielendal yn it keatsen. De winner hat ek altyd gelyk, en Taeke is in winner. Hy pakte dit wykein, alwer foar de sechsde kear, de Masters en hy naam mei syn maten de Hotze Schuilpartij ek noch efkes mei. Moai skoft lyn, dat hy safolle farske krânsen tagelyk oan’e muorre hie te hingjen. Jo soene joh ast ôffreegje kinne: hat Taeke net motivearre genôch west om mei Rutmer en Renze-Pieter goed te keatsen? Binne Rutmer en Renze-Pieter sokke kneukelhouwers dat de kwaliteiten fan Taeke net genôch wiene om dy efterstân op te heffen? Of wie it faaks sa, dat Gert-Anne en Daniël sa ôfgryslik goed binne, dat it net slim is dat it mei Taeke sa goed net giet? Of hat hy der sa’n baat by dat hy net mear hoecht op te slaan? Is it in mentale kwestje? No ja, dat meie jo dan sels beslisse, de wierheid sil faaks yn’e midden lizze. Feit is wol, dat it foar Taeke syn selsfertrouwen in hiele opstekker wêze sil, dat er wer seis punten by syn puntetotaal optelle kin. Wat my noch folle blider makke, wie de komst fan twa ‘keatsnono’s’ yn Bûnslân. Boazum waard ‘samar’ twadde by de Jong Fammen. Fansels, mei de suskes Sijbrandy binne der in pear knappe keatssters yn Boazum kommen te wenjen, mar lykwols: der moast ek in tredde maat mei en dy balkearder, Nelly Rypma, stie der net om’e nocht. Ommers: Penjum, dat der foar kiest om mei twa Jonge Fammen oan te treden, waard fan’e list slein. Foar in keatsferiening as Boazum in hiele klúte bûter yn’e brij. Twadde op sa’n grutte partij, dat giet as in sensaasje de argyven yn. Boazumer Mjitte dus. Faaks in noch gruttere sensaasje wie der by it NK foar pupillejonges. Wa hie ea tinke kinnen dat in doarp as Hommerts op in bûnslist stean soe? Foarút, jo miskien, mar hiene jo dan ek tinke kinnen dat Hommerts fuort mar mei in twadde priis thúskomme soene? Coos Veltman hat syn saakjes goed op’e rit, dêr yn dat wettersportdoarp. Twa jier lyn sei hy al yn Wis In, dat Hommerts in pear knappe jonge keatsers hie, wêrfan’t hy hope dat se ea op’e Freule stean soene, sûnder allinnich mar listfulling te wêzen. At dizze jonges trochsette, dan komt dy kans foar Hommerts al moai gau. Hulde! Ik sei it al, der komme noch al wat hichtepunten foarby op’t heden. Binne der dan ek mindere saken? Ja spitigernôch al. Wiljo Sijbrandy bruts by de Jong Fammen, yn’e finale, har pols. Ie wûn. It like wol in werhelling fan de Frouljusbûnspartij yn Holwert, dêr foel yn’e finale ek ien fan’e tsjinstanders út, wêrnei’t ‘De Trochsetters’ mei de krânse nei hûs giene. Spitich foar Wiljo en foar hiel Boazum, wa wit hie der oars noch mear yn sitten. Skiedsrjochter Lolke Bierma krige yn Harns in bal tsjin’e holle, krige acht tellen, mar koe net fierder. Down and Out. In risikofolle beuzigheid, dat skiedsrjochterjen. As de Arbo dêr mar net efteroan giet. Mear negative saken? Grif, as jo se mar sjen wolle. Ik bin gjin jittiksproeier wat dat oanbelanget. Doch my noch mar in nustje fan dy hichtepunten! Martsje de Jong

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers