contact zoeken wedstrijden

De Keatssite Column (2010-02), Blierlaitsjend boulân....

Iedere week in het kaatsseizoen de 'Keatssite-Column' op www.knkb.nl. Deze week de bijdrage van Martsje de Jong.

Blierlaitsjend boulân… Sa! It earste wykein mei frije formaasjepartijen yn de haadklassen sit der op. En de prognoases yn’e nijste Wis In ha fuortendaliks in opskiter krigen. Want hoewol’t Gjalt Stenekes it partoer fan Lisette Wagenaar, Imke van der Leest en Gérieke de Groot noch wol by de toppartoeren set hie, stiene fansels de partoeren fan Maaike Wind (mei Sjoukje Visser en Afke Hylkema) en Afke Kuipers (mei Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra) noch krekt efkes heger oanskreaun. Dochs pakten Lisette en har maten, oer de regen fan Afke Kuipers c.s., snein de oerwinning yn Seisbjirrum. Seisbjirrum? Ja, Seisbjirrum, want yn Penjum kinne de skiep noch gjin hanbree gers fan it fjild frette, it is te suterich ynsiedde en sadwaande hat it dêr op’t heden mear fan boulân as fan keatsgreide. Yn Ljouwert gong, no’t wy it der dochs oer hawwe, it famkeskeatsen ek al net troch. Men seit dat it fjild gjin sprekken lije koe, mar faaks hie it wat te krijen mei de needferoardering dy’t boargemaster Ferd Crone al hast in wike yn’t foar ôfkundige hie? It hie leau’k te krijen mei rivalisearjende supportersgroepen. Yn Kimswert doarden se it lykwols wol oan mei de famkes en dus koene Hermine Sytema, Anke Winkel en Manon Scheepstra dêr de krânsen pakke by it troch elkoar lotsjen. Ik ha it nijs links en rjochts yn’e gaten hâlden, mar neat fernommen oer ûngeregeldheden en sloperij nei ôfrin yn Kimswert. Dan werom nei dy prognoases, want wa’t by de ‘bookmakers’ fannemoarn syn as har jild setten hie op it partoer fan Hendrik Tolsma, Herman Sprik en Jehannes Boersma, dy hie no wol in knappe fekânsje boeke kind. De hearen faaiden nammers yn Frjentsjer de flier oan mei de ‘gevestigde orde’. Fansels, der wie in bytsje help fan in steand nûmer op’e twadde list, mar yn’e heale finale hie de FC St Jabik (Rutmer van der Meer, Renze-Pieter Hiemstra en Taeke Triemstra) oars net yn te bringen as lege bryfkes. De Bilkerts moatte skynber noch wat oansjasse wurde, want it keatsen wie net alte-alte. Yn’e finale moasten ek Gert Anne van der Bos, Folkert van der Wei en Daniël Iseger der oan leaue. In keats op fiif earsten gelyk en seis gelyk koste harren de kraach, om’t Hendrik Tolsma de bal foar de keats keare koe. Sadwaande pakten Tolsma c.s. de priis en waard Hendrik Tolsma de earste frije formaasjekening fan dit seisoen. Pieter Tienstra, dy’t neffens syn ferwachtings yn’e Wis In, nei alle gedachten syn jild op Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Marten Feenstra set hie, moat syn fekânsje noch mar efke útstelle. Harren begjin wie net alhiel neffens ferwachting, mar wol yn’e lijn fan ferline jier. De mannen geane foarearst lykop mei guon fjilden: it is al opnij ynsiedde mar it wol noch net earlik groeie. Faaks koe in skoft moai waar it spul goeddwaan? Moarn Piet mar ris freegje wêr’t de sinne bliuwt, wy ha der ferlet fan! Martsje de Jong

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers