contact zoeken wedstrijden

55+ kaatsen 24 maart 2010

De aaisikers slaan it 55+ keatsen in kear oer

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Johannes Wierda, Lieuwe Meijer, Piet Keizer en Sjirk Overal. Ferline woansdei 24 maart hawwe de 55plussers fanôf 10.00 oere wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer. Omdat in 20-tal manlju leaver aaisykje, wienen der mar 96 (!) keatsers. De partoeren 85 (Jopie Langhout en Jelle Takema) en 86 (Willem Tamminga en Albert Dijkstra, Gytsjerk) wienen dien om 16.05 oere. Op de stân 5-5 (6-6) moast Willem Tamminga wer opslaan en hy joech in djippe bal efteryn en der hie Jopie Langhout gjin antwurd op. Piet Bosgraaf rikte om 16.15 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer trije (!) wike op 14 april geane de 55-plussers dit winterskoft foar it lêst keatsen yn de Trije. Op 12 maaie begjint it simmerskoft op Sonnenborgh yn Ljouwert. A-klasse: 1e. Piet Keizer, Sint Anne. 2e. Oeds de Roos, Menaam. 3e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 4e. Bert de Jong, Ljouwert. B-klasse: 1e. Lieuwe Meijer, Minnertsgea. 2e. Anne Dijkstra, Ljouwert. 3e. Koop Scholten, De Wylgen. 4e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 5e. Sjirk Overal, Oldenbroek. C-klasse: 1e. Jan de Ridder, Stynsgea. 2e. Durk Kamstra, Frjenstjer. D-klasse: 1e. Johannes Wierda, Hallum. 2e. Andries Engbringhof, Frjenstjer.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers