contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ kaatsen op woensdag 13 januari

Ferline woansdei 13 jannewaris binne de 55plussers dit jier wer út it ein setten mei it keatsten yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Dirk Wiglema, Jan Buitenga, Rinze van der Veen en Jan de Ridder. Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de 108 op de list, dy mei lotting gearstald wie troch Piet Keizer. De partoeren 107 en 108 wienen dien om 16.05 oere. Op de stân 3-5 (4-4) moast Cor Binsma fan partoer 107 opslaan, mei twa keatsen. Beide partoeren fersulverden in keats en op (6-6) koe Jan Hoekstra fan partoer 108 de bal boppe slaan. Foppe de Vries rikte om 16.25 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjirtjin dagen (27 jannewaris 2010) geane de 55-plussers wer te keatsen yn de Trije. N.B.: De partij fan 10 febrewaris is fersetten nei 17 febrewaris! A-klasse: 1e. Jan Buitenga, Sint Nyk. 2e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 3e. Gerrit bij de Weg, Harns. 4e. Klaas Postma, It Hearrenfean. 5e. Anne Dijkstra, Ljouwert. 6e. Jan Feenstra, Winsum. B-klasse: 1e. Rinze van der Veen, Koarnjum. 2e. Joop Wortman, De Jouwer. 3e. Klaas van Dijk, Harich. 4e. Johannes Oudendag, Arum. C-klasse: 1e. Jan de Ridder, Stynsgea. D-klasse: 1e. Dirk Wiglema, De Jouwer. 2e. Albert Dijkstra, Gytsjerk. 3e. Sipke Wiersma, Sint Jabik.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers