contact zoeken wedstrijden

De Striid om de sulveren bal ( UP DATE)

Vrijdag ging de productie van De Striid om de sulveren bal in premiere. Een van de spelers is Hilbert Dijkstra.

De webredactie van KNKBTv zocht Dijkstra na de tweede voorstelling op. Ast deryn komst falst midden yn in alderferskuorrendst spannende wedstriid. It liket in keatspartij, mar it hat ek wol wat wei fan zwerkbal of de West Side Story... Tryater makket mei it jongste Fryske talint fan de Jeugdtheaterschool/‘n Meeuw in waarm en muzikaal spektakel oer jonge helden yn ferfleine tiden. Nei wurk fan Nynke van Hichtum. Grutte húshâldingen, minne tiden. In tiid fan bikkels en bittere romantyk. Wrotte, bealigje en hongerlije. Dochs hâldt elk de kop der foar. Jelle sjocht kâns om te ûntkommen oan de werklikheid troch op it keatsfjild in striid út te fjochtsjen. Hy leveret striid, om kening fan it spul te wurden en de sulveren bal te winnen. Dizze winterse foarstelling fol passy en fjoer wurdt de hiele krystfakânsje spile en is, sa’t Nynke van Hichtum skreau, geskikt foar in elk fan 8 oant 108. Regisseur Bruun Kuijt (Wát in teater!, Hansje Brinker, De op-en delgong fan Lytse Fûgel) lûkt dy mei fan spul nei werklikheid, fan it ferline nei it hjoed en fan it fêstsitten yn ellinde nei k(r)ânsen dyst pakke kinst! Net seure, mar dwaan! De striid om de sulveren bal is in gearwurking fan Tryater, de Jeugdtheaterschool/’n Meeuw en Stadsschouwburg De Harmonie. Basearre op De tsien fan Martens Afke (Afkes Tiental), Schimmels voor de koets en De jonge priiskeatser (Jelle van Sipke Froukjes) Tekst Wiske Sterringa Regy Bruun Kuijt Oersetting, taalcoach en muzyk: Peter Sijbenga Spul Jan Arendz, Hilbert Dijkstra, Marijke Geertsma, Tamara Schoppert, Peter Sijbenga, Lysbeth Welling, Lianne Zandstra, Hans van der Berg, Eke van der Bijl, Sjoerd Blom, Veerle van Dieren, Folkert Dijkstra, Guido Dijkstra, Renée Dooren, Lisa Groot Haar, Bart Harder, Greetje Klaren, Len Pillen, Renée Rijpstra, Bernard Smilde, Domenica Tundo, Anna van Vree, Wessel de Vries, Laurens van der Woude, Nuria Zantman, Ali Zijlstra, Riemer van der Wal, Lars Steenbeek, Robbin van der Berg, Maas Muhren, Elise Smit, Marit de Graaf, Elbrich Bruinsma Dekorûntwerp Jolanda Lanslots Ljochtûntwerp Coen van den Hoeven De striid om de Sulveren Bal is een co-productie van Tryater, ’n Meeuw en Stadsschouwburg De Harmonie

Hoofdsponsor

Businesspartner

Suppliers