contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ kaatsen op 6 augustus 2009

De 55+keatsers hawwe dizze kear op tongersdei 6 augustus ( fanwegen Freule op woansdei) harren jierlikse Anne Bouma/Kees Smit partij foar de 13e kear keatst yn Jelsum/Koarnjum.

De priiswinners mei de krâns yn de koets, flnr.: de fuorfrou, Anno Miedema, Guus Miedema, Douwe Anema, en Anne van der Werf. De 55+keatsers hawwe dizze kear op tongersdei 6 augustus ( fanwegen Freule op woansdei) harren jierlikse Anne Bouma/Kees Smit partij foar de 13e kear keatst yn Jelsum/Koarnjum. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de 84 op de list yn 8 perken op 2 fjilden. It wie gleon waar, mei in temperatuer tsjin de 30 graden, mar dizze manlju hawwe fansels al gauris foar hjitte fjurren stien. Der wienen ek wer in protte froulju en dy krigen krekt as de keatsers in bon foar kofje en sop. De kommisje fan de pleatselike keatsferiening mei stipe fan de 55+ kommisje hie it goed foar mekoar. De wedstrydlieding wie yn de fertroude hânnen fan Foppe de Vries en de lotterij fan Minne Soepboer. Ek ferstjinnet de gemeente Leeuwarderadeel in plomke, want it fjild lei der bjusterbaarlik moai meand by. Om 16.40 foel de lêste slach. Der lei in lytse keats en Anne Sybesma fan partoer 79 moast opslaan. De foarynse fan partoer 80, Hendrik Weiland, rekke de bal mar heal en sadwaande kaam de bal net iens de foarline foarby. Jo koenen sjen, dat dizze manlju no de piip út hienen. Fuortdaliks dernei gongen de earste priiswinners yn de koets foar in rûnrit troch de doarpen. Anno Miedema die it oer fan ferline jier. Nei in prachtige keatsdei koe Rinze van der Veen om 17.10 oere de dikke súvelpakketten útrikke oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Ek krigen in oantal frijwilligers noch súvelpakketten en sekken ierappels. Op woansdei 12 augustus geane de 55plussers wer nei it fertroude Sonnenborgh yn Ljouwert. A-klasse: 1e. Anno Miedema, Stiens. 2e. Bertus de Jong, Ljouwert.. 3e. Arjen Smidts, Earnewâld. 4e. Piet Stellingwerf, Harns. Poedelpriis: Oeds Broersma, Wytmarsum (5 earsten foar en 21 tsjin). B-klasse: 1e. Douwe Anema, Nes. 2e. Rinze van der Veen, Koarnjum. 3e. Anne Dijkstra, Ljouwert. 5e. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. C-klasse: 1e. Anne van der Werf, Snits. 2e. Jan Wagenaar, Winsum. 3e. Pieter Bouma., De Jouwer D-klasse : 1e. Guus de Vries, Ljouwert. 2e. Durk de Vries, Hijum.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers