contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ kaatsen op 22 juli 2009 in Balk

De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 22 july harren “PC” keatst yn Balk.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Cathrinus Kooistra, Willem Leenes, Rein Seerden en Pieter Bouma. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 102 op de list yn 9 perken op 2 fjilden. It wie moai waar, mei in protte sinne en een temperatuer fan om en naby 22 graden. Der wienen in protte froulju, sadat it tige smûk wie en de keatsferiening Cannegieter fan Balk hie it goed foar mekoar, ek yn harren fernijde kantine. Sels de keatstopper fan Balk, René Anema, siet de hiele dei bei de foarline. De wedstrydlieding wie yn de fertroude hânnen fan Foppe de Vries. Nei in prachtige keatsdei koe Piet Bosgraaf om 17.15 oere de horloazjes (fan stiper Arie de Koning) útrikke oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Dernei gongen de earste priiswinners yn de koets en alle oare priiswinners op in wein efter de trekker, foar in rûnrit troch Balk. Prachtich toch! Op tongersdei (!) 6 augustus binne de 55plussers te gast by de keatsferiening fan Jelsum/Koarnjum. A-klasse: 1e. Cathrinus Kooistra, Goaïingea. 2e. Wim Bosklopper, Goutum. 3e. Andries Idserda, Goutum. 4e. Oeds de Roos, Menaam. B-klasse: 1e. Willem Leenes, Sint Nyk. 2e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 3e. Joop Wortman, De Jouwer. 4e. Hendrik Porte, Huzum. 5e. Anne Dijkstra, Ljouwert. 6e. Siep Berkepas, Balk. C-klasse: 1e. Pieter Bouma, De Jouwer. 2e. Jelle Takema, Harns. D-klasse : 1e. Rein Seerden, Snits. 2e. Joeke Jongsma, It Hearrenfean. 3e. Theo Smit, Frjenstjer.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers