contact zoeken wedstrijden

Holwert wint 5e edysje fan de Jong-Feinte!

Holwert hat de fiifde edysje fan de Jong Feinte partij wûn. Mei 5-2:6-0 wienen Gert Anne van der Bos, Rudolf Soepboer en Hindrik-Jan de Haan te sterk foar Tsjummearum. Foto: Gert Anne van der Bos de grote man bij Holwerd

It ferskil waard makke troch de opslach fan Gert Anne. It lêste earst wienen 4 sitballen fan Gert Anne. Arnold Zijlstra, Hans Wassenaar en Steven de Bruin winne foar it earst in priis op de Jong-Feinte. In prachtige 2e priis. Tsjummearum begjint wol mei in 1-0 foarsprong, mar dernei rint Holwert hurd út nei de 5-1. Op 4-4 slacht Hans in sitbal. Op 4-6 slacht Gert Anne op. Steven slacht heech út en Gert Anne kin retourneare. Mar Hans slacht dan strak oer de grûn de keats foarby, 5-2. Mar it lêste earst wie foar de grutte man fan de opslach dit seizoen. It perk krige gjin fet op syn ballen, sels net mei wiksels. Holwert wint dus lykas yn 2008 de Sulveren Leest. Letter mear ferslach op www.kfeasterein.nl en fansels foto’s fan û.o. Henk Bootsma.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers