contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ wedstrijden op 13 mei 2009

De 55+keatsers binne ferline woansdei 13 maaie foar it earst dit simmerskoft loslitten op it gers fan Sonnenborgh yn Ljouwert.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Klaas Postma, Jan Beimers, Auke Kuiken en Sipke Wiersma. De 55+keatsers binne ferline woansdei 13 maaie foar it earst dit simmerskoft loslitten op it gers fan Sonnenborgh yn Ljouwert. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 60 keatsers fan de 90 op de list. De partoeren 87 en 88 wienen dien om 15.40 oere as lêsten. Op 2-5 (4-6) moast Gerard Voogd fan partoer 88 opslaan. Jan van der Vlugt, de efterynse fan partoer 87, sloeg de bal út, mar Rients Smit koe de bal nei de stuit werom slaan foarby de foarline. Dermei wûn partoer 88. Yn de B-klasse eindigen Jan Beimers en Auke Kuiken hielendal gelyk Nei trije partijen hienen beide 21 foar en 7 tsjinearsten. Boppedat joeg de optelling fan de lêste earsten fan de trije partijen18-2 oan. De frijwilligers fan LKC hienen it op Sonnenborgh wer goed foar inoar (10 perken mei tillegraven, esf.) en it wie tige moai waar mei in stive eastenwyn. Minne Soepboer hie de partoeren goed lotte en de wedstrydlieding wie yn goeie hannen fan Foppe de Vries. As wy dan ek noch wat sûn bliuwe meie, wat wolle wy noch mear? Om 15.40 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wiken (27 maaie) geane de 55plussers op ‘e ny nei it fjild fan Sonnenborgh yn Ljouwert. A-klasse: 1e. Klaas Postma, It Hearrenfean. 2e. Oeds de Roos, Menaam. 3e. Ynze Stienstra Baaium. 4e Oeds Broersma, Wytmarsum. B-klasse: 1e. Jan Beimers, Dronryp en Auke Kuiken, Sint Jabik. 3e. Sjirk Overal, Oldebroek. 4e. Henk Werkhoven, Gytsjerk. 5e. Jaap van der Veen, Sint Anne. 6e. Gerrit bij de Weg, Harns. C-klasse: 1e. Sipke Wiersma, Sint Jabik. 2e. Dirk Wiglema, De Jouwer. 3e. Corry Binsma, Apeldoorn. 4e. Albert Dijkstra, Gytsjerk.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers