contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ kaatsen op 15 april 2009

De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 15 april it winterskoft ôfsletten yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Sipke van der Zee, Gerrit bij de Weg, Rein Seerden en Anne van der Werf. De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 15 april it winterskoft ôfsletten yn de Trije yn Frjenstjer. Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de 96 op de list, mar in soad keatsers stutsen pas om 10 minuten oer tsjienen de hân op. It koe hjoed ek lije, want de partoeren 93 en 94 wienen dien om 15.30 oere as lêsten. Op 3-5 (2-6) moast Albert Kinderman fan partoer 93 opslaan. Gerard Voogd, de foarynse fan partoer 94, sloeg de bal boppe. Dermei wûnen hy en syn maat, Piet Overberg, trije kear. Rein Seerden wûn yn de D-klasse de krâns, want hy hie mar 6 tsjinearsten, yn tsjinstelling tot Gerard (21-7) en Piet (21-11). Op Evert Heeg stiet mei syn 71 jier gjin rem. Ferline wike wie hy earste yn de A-klasse en no twadde. Efter út it perk wei, feegt hy de iene nei de oare bal noch boppe en foaral op 6-6 moatte jo him gjin bal jaan. Om 15.50 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Sponsor wie Albert Dijkstra út Harns. Oer fjouwer wiken (13 maaie) geane de 55plussers nei bûten ta en begjint it simmerskoft op it fjild fan Sonnenborgh yn Ljouwert. A-klasse: 1e. Sipke van der Zee, Tsjummearum. 2e. Evert Heeg, Easterlittens. 3e. Tonie van der Weij, Sint Nyk. B-klasse: 1e. Gerrit bij de Weg, Harns. 2e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 3e. Anne Tienstra, Sint Anne. 4e. Martinus van der Meer, Wytmarsum. 5e. Joop Wortman, De Jouwer. C-klasse: 1e. Anne van der Werf, Snits. 2e. Pieter Bouma, De Jouwer. 3e. Rein Bonnema, Snits. 4e. Teade de Vries, Frjenstjer. 5e. Jolly Dooper, Oentsjerk. D-klasse: 1e. Rein Seerden, Boalsert. 2e. Gerard Voogd, Mullum. 3e. Piet Overberg, Ljouwert.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers