contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ wedstrijden op 1 april 2009 in Franeker

De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 1 april wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Sjouke Herrema, Rinze van der Veen, Cor Binsma en Evert Heeg. Foardat it oangong om 10.00 oere, hat men in minuut stil stien by it ferstjerren fan Willem Douma út Menaam en Thijs Balt út Drachten. Dernei gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 102 op de list. De partoeren 99 en 100 wienen dien om 16.35 oere. Op 5-3 (6-6) moast Henk Werkhoven fan partoer 100 opslaan, mei in keats op 25 meter fan it perk. Lieuwe Anema, de foarynse fan partoer 99, sloeg de bal goed út en de keats dik foarby. Dermei hie syn maat, Hans Homminga, trije kear wûn. Om 16.50 oere rikte Piet Bosgraaf de rollades út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjirtjin dagen (15 april) wurdt it winterskoft ôfsletten yn de Trije. A-klasse: 1e. Evert Heeg, Easterlittens. 2e. Lutsen Steegstra, Blije. 3e. Oeds de Roos, Menaam. 4e. Kees Sikkema, Dronten. B-klasse: 1e. Rinze van der Veen, Koarnjum. 2e. Jan Beimers, Dronryp. 3e. Henk Noordbruis, Marsum. 4e. Siebren Rodenhuis, Marsum. 5e. Monte Hallema, Frjenstjer. 6e. Anne Tienstra, Sint Anne. C-klasse: 1e. Sjouke Herrema, Hoorn. 2e. Anne Baarda, Menaam. 3e. Gerrit Winkel, Sint Anne. 4e. Hans Homminga, De Jouwer. D-klasse: 1e. Cor Binsma, Apeldoorn. 2e. Jan Wagenaar, Winsum. 3e. Cathrinus Helfrich, Grou.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers