contact zoeken wedstrijden

55+ kaatsen in de Trije

Woansdei 22 oktober hawwe de 55plussers foar de twadde kear dit winterskoft keatst yn de Trije yn Frjenstjer.

Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 102 op de list. De partoeren 101 en 102 wienen dien om 16.15 oere. Op de stân 5-5 (6-0) moast Johan Sikkema fan partoer 101 opslaan en koe de bal nei it útslaan fan Ynze Steinstra (partoer 102), nei de stuit werom slaan oer de foarline. Hjirmy hie hy trije kear wûn, krekt lyk as ien fan syn maten (Bertus de Jong), dy ek noch de krânse omhongen krieg. Foppe de Vries rikte om 16.40 oere de rollades út oan ûndersteande keatsers en dernei winske hy eltsenien in wol thús ta. Oer fjirtjin dagen (5 novimber) keatse de 55-plussers op ‘e nei yn de Trije. A-klasse: 1e. Bertus de Jong, Ljouwert. 2e. Oeds Broersma, Witmarsum. 3e. Andries Idserda, Goutum. 4e. Johan Sikkema, Emmeloord. B-klasse: 1e. Piet Stellingwerf, Harns. 2e. Jan Bootsma, Wommels. 3e. Leendert Terpstra, Frjenstjer. 4e. Anne de Jong, Middenmeer. 5e. Piet Keizer, Sint Anna Parochie. C-klasse: 1e. Anne Monsma, Marsum. 2e. Marinus van der Meer, Witmarsum. 3e. Anne van der Werf, Snits. D-klasse: 1e. Anne Baarda, Frjenstjer. 2e. Johannes Wierda, Hallum. 3e. Albert Kinderman, Gytsjerk. 4e. Douwe de Lang, Frjenstjer. De priiswinners mei de krâns, flnr.: Piet Stellingwerf, Bertus de Jong, Anne Baarda en Anne Monsma.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers