contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ op 8 oktober 2008

De uitslag van de 55+ kaatswedstrijden op woensdag 8 oktober 2008 in de Trije te Franeker.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Ype de Vries, Luutzen Steegstra, Jelle Takema en Daam van der Leij. Ferline woansdei 8 oktober hawwe de 55plussers foar it earst dit winterskoft keatst yn de Trije yn Frjenstjer. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 108 op de list. Yn de grutte hal litte se twa rolgerdynen del, sadat we trije fjilden krije, mei yn elts fjild trije perken. Om bar slagt in spiler fan in partoer in hiel earst op, krekt lyk as op it fjild. De partoeren 99 en 100 wienen dien om 16.00 oere. Op de stân 5-5 (6-6) moast Dik Wiglema fan partoer 99 opslaan en der lei in keats fan in meter. Hy pleatste in bjusterbaarlike sitbal, sadat syn maat Jelle Takema de krânse yn klasse C wûn. Foppe de Vries rikte dernei, yn gearwurking mei Minne Soepboer, de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers en om 16.25 oere winske hy eltsenien in wol thús ta. Oer fjirtjin dagen (22 oktober) keatse de 55-plussers op ‘e nei yn de Trije. Mei yngong fan oktober 2008 is Johan Sikkema yn de 55+Kommisje kommen, fanwegen lang siikwêzen fan Henk Seerden. A-klasse: 1e. Luutzen Steegstra, Blije. 2e. Jan van der Linden, Amsterdam. 3e. Ynze Stienstra, Baaium. 4e. Johan Sikkema, Emmeloord. B-klasse: 1e. Daam van der Leij, Dronryp. 2e. Dirk Wiersma, Marsum. 3e. Rinze van der Veen, Koarnjum. 4e. Monte Hallema, Frjenstjer. 5e. Sjouke Herrema, Hoorn. 6e. Anne Koster, Goutum. 7e. Piet Keizer, Sint Anne. 8e. Jan de Bruin, Harns. 9e. Anne Dijkstra, Ljouwert. C-klasse: 1e. Jelle Takema, Harns. 2e. Jan Wagenaar, Winsum. 3e. Sipke Wiersma, Sint Jabik. 4e. Eelke Wynsma, Burgum. D-klasse: 1e. Ype de Vries, Oentsjerk. 2e. Johannes Algra, Frjenstjer

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers