contact zoeken wedstrijden

Prijswinnaars 55+ op 10 september 2008

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Jolly Dooper, Anne Baarda, Minne Soepboer en Auke Kuiken.

Ferline woansdei 10 septimber wienen de 55plussers wer op harren fertroude fjild fan LKC Sonnenborgh. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de 84 op de list. Krekt like folle as ferline woansdei yn Snits, mei dit ferskil, dat it no ferrekte moai keatswaar wie. Eddy van der Lei ferfong wedstrydlieder Foppe de Vries, dy mei fakânsje wie en die dat treflik. De partoeren 83 en 84 wienen dien om 15.55 oere. Partoer 84 helle in efterstân fan 2-5 noch op nei 4-5, mar Douwe Jongsma, dy trije partijen winne koe, die himsels te koart en sloeg yn it lêste earst trije ballen bûten. Piet Bosgraaf koe dernei de fleisprizen útrikke oan ûndersteande keatsers en om 16.20 oere winske hy eltsenien in wol thús ta. Oer fjirtjin dagen (24 septimber) keatse de 55-plussers dit simmerskoft foar it lêst op Sonnenborgh en op 8 oktober begjinne se it winterskoft wer yn de Trije yn Frjenstjer. A-klasse: 1e. Minne Soepboer, Surhústerfean. 2e. Herman Steneker, Ljouwert. 3e. Geert Hoekstra, De Jouwer. B-klasse: 1e. Auke Kuiken, Sint Jabik. 2e. Jan Boorsma, Menaam. 3e. Jan Bootsma, Wommels. 4e. Freek Kuipers, Drachten. C-klasse: 1e. Jolly Dooper, Oentsjerk. 2e. Bart Leemburg, Wolvegea. 3e. Ernst Zwaga, Boarnburgum. D-klasse: 1e. Anne Baarda, Menaam. 2e. Cor Binsma, Apeldoorn. 3e. Willem van der Meulen, Drachten. 4e. Jan Wagenaar, Winsum. 5e. Guus de Vries, Goutum.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers