contact zoeken wedstrijden

Earste lustrum Jong Famme partij

Op sneon 5 july organisearret keatsferiening Jacob Klaver út Mantgum foar de fiifde kear de JONG FAMME partij. Foto: Makke yn Súd Dútslân

Dizze keatspartij hat yn koarte tiid de status krigen fan in saneamde keatsklassiker. It is de ienichste keatswedstriid yn in formeel net besteande leeftiidskategory foar famkes tusken de 17 en 21 jier. Dat makket de wedstriid spesjaal en de measte froulju sjogge it dan ek as in soarte fan NK foar junioaren. Dat de KNKB it ek as in bysûndere wedstriid sjocht blykt út it feit dat der op dizze dei gjin oare keatswedstriden binne yn de kategory fan de famkes en de dames. Sadwaande kinne yn guon partoeren ek in keatsster meidwaan dy’t noch gjin 17 jier is. De JONG FAMME partij wurdt troch de froulju sjoen as ien fan de partijen foar it beheljen fan it “klaverke fjouwer” (Ald Meiers, Jong Famme, Bûnswedstriid en PC). Favoriten Om’t de leeftiid fan maksimum 21 jier in limyt stelt oan de dielname falle der elk jier dielnimmers ôf dy’t te âld binne. Mar der streame fansels oan de ûnderkant wer nije talinten binnen. Foar dit fiifde lustrum is it partoer fan Ee, ek al winner yn 2006 en 2007 swier favoryt. Hja ha it gelok fan trije famkes yn deselde leeftiid dy’t ek noch mei inoar in partoer foarmje yn de haadklasse fan it frouljuskeatsen. Oare kânshawwers binne de partoeren fan Boalsert, Penjum, Aldebiltsyl, Menaam en St. Anne. Ut ús eigen omkriten meitsje de partoeren fan Mantgum en Easterein ek in goeie kâns. En wat wit kin der ek samar in net favoryt partoer trochstjitte nei de finale. Te mear in reden om dizze partij te besykjen. Dúdlik is dat lotting en de foarm fan de dei wichtige faktoaren binne foar in goed resultaat. Lotting Keatsferiening Jacob Klaver hâldt sels de rezjy oer de lotting. Dy sil plak fine op tiisdei te jûn 1 july om 20.00 oere yn multifunksjoneel sintrum De Wjukken yn Mantgum. De lotting is iepenbier en eltsenien dy’t der by wêze wol, is wolkom. Keatsters dy’t dat wolle, kinne ek har eigen nûmer lûke. De feriening sil besykje om de list noch deselde jûn te pleatsen op har eigen webside: www.jacobklaver.nl. Op dizze hiemside fan de Mantgumer keatsferiening fine jo ek foto’s fan de JONG FAMME partij út de ôfrûne fjouwer jier. De wedstriid begjint om 10.00 oere en stiet ûnder lieding fan de skiedsrjochters Astrid Kooistra en Anja Gillebaard. Prizen De prizen wurde makke troch sulversmidkeunsteneresse Hennie Broers fan Wurdum. Hja makket elts jier spesjaal foar dizze partij sierspelden yn goud en sulver. It winnende partoer wurdt hâlder fan de wikselpriis. Sawol yndividuele prizen as ek de wikselpriis ha – mei in knypeach nei de namme fan de feriening – de foarm fan in klaverke fjouwer. Foar alle dielnimmers is der in spesjale attinsje. De prizen sille dit jier útrikt wurde troch in “mystery guest”. Entoeraazje Om it earste lustrum wat ekstra glâns te jaan hat de feriening alle war dien om te soargjen dat der neat mankearret oan de organisatoaryske saken. It fjild is behandele as wie it, it centercourt fan Wimbledon. It leit der by as in biljertlekken. Om it fjild in wynskerm en genôch banken en stuollen sa dat eltsenien sitte kin. As spesjale attraksje sil it begjin fan de keatserij oankundige wurde mei in spektakulêr optreden fan in gehiel út froulju besteande groep slachwurkers. Dêrnei wurdt der fan alle dielnimmende keatsters in groepsfoto makke dy’t pleatst wurdt op de ynternetside fan Jacob Klaver. Nei ôfrin fan de keatspartij is der foar eltsenien in feestlike neisit mei muzyk fan Jan Nota. Theo Kuipers

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers