contact zoeken wedstrijden

PC Kafee 2008

Op woansdei 30 july is de PC wer, de tradisjonele keatspartij yn Frjentsjer. Foar Omrop Fryslân Radio oanlieding om it PC Kafee wer te iepenjen. Fjouwer kear.

Op freed 25 july fan 18.00 oant 19.00 oere, sneon 26 july en snein 27 july fan 11.00 oant 12.00 oere en tiisdeitejûn 29 july fan 18.00 oant 19.00 oere in programma út De Bogt fen Guné yn Frjentsjer wei. Mei live muzyk fan Lays en de presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen en Heinze Bakker. Yn it PC Kafee pittige petearen, hilaryske ferhalen en... mei diz’ kear MUZIKALE columns fan Kosus Algra (Wiko’s), Wiebe van Dijk, Jaap Bierma en Rintje Kas (Lays). Publyk kin der by wêze yn De Bogt fen Guné yn Frjentsjer of it programma folgje op de radio. Freed, sneon, snein en tiisdei. Moandei 28 july is Omrop Fryslân Radio by de lotting fan ‘e PC. Dan komt it programma jûns tusken 18.00 en 19.00 oere út de Koornbeurs wei.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers