contact zoeken wedstrijden

Priiswinners 55+ 25-6 Sonnenborgh

De 55+ hat woansdei foar de fjirde kear fan it simmerskoft spile op Sonnenborgh yn Ljouwert.

Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de 78 op de list. Se hienen prachtich moai simmerwaar, súver gjin wyn en mei in temperatuur fan om en naby 25 graden. De lêste partij wie dien om 15.50 oere. Om 16.15 oere hat Piet Bosgraaf de fleisprizen útrikt oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Nije wike woansdei geane de 55-plussers nei It Hearrenfean en oer 14 dagen geane se opnij nei Sonnenborgh yn Ljouwert. Op de foto de priiswinners mei de krâns, flnr.: Meint Steegstra, Ernst Zwaga, Theo Smit en Jan van der Linden. A-klasse: 1e. Jan van der Linden, Amsterdam. 2e. Evert Heeg, Easterlittens. 3e. Hans Hilarides, Sint Jabik. B-klasse: 1e. Meint Steegstra, Ferwert. 2e. Jan Beimers, Dronryp. C-klasse: 1e. Ernst Zwaga, Boarnburgum. 2e. Siebe van der Zee, Lelystêd.3e. Teade de Vries, Frjenstjer. 4e. Eelke Wynsma, Burgum. D-klasse: 1e. Theo Smit, Frjenstjer. 2e. Sipke Wiersma, Sint Jabik. 3e. Willem van der Meulen, Drachten. 4e. Douwe Jongsma, Brantgum.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers